Eigneres kringloopwinkel mijnTafel Snits hâldt definityf op

Eigneres Marlies van Steen hat definityf besletten op te hâlden mei kringloopwinkel mijnTafel, dêr't minsken kasten hiere koene om guod te ferkeapjen. Ferline jier ferhûze sy fan de Geeuwkade yn it sintrum nei in eardere showroom oan de Oppenhuizerweg. Op dat gebou leit lykwols in oare bestimming en dêrom woe de gemeente har dêr wei hawwe. Goed 15 moannen nei it sluten hat Van Steen in kar makke: sy hâldt der hielendal mei op.
Van Steen op argyfbyld © Omrop Fryslân
Van Steen woe út it sintrum wei om't de hier dêr heech wie en de romte oan de Geeuwkade eins te lyts. Dêrom woe sy nei de Oppenhuizerweg, mar de gemeenteried besleat dat sy dêr net hinne mei om't der gjin detailhannelbestimming op leit. Sy hope der yn 't earstoan noch út te kommen mei de gemeente mar moast yn maart út it pân wei, ûnder driging fan in twangsomme. Van Steen wie teloarsteld yn de hannelswize fan de gemeente.
Yntusken hat Van Steen de pensjoenleeftiid en mei dat yn de erfterholle hat sy de knoop trochhakt. "Toch gaat het me aan 't hart. Vele reacties vanuit Sneek en omstreken melden me dat ze mijnTafel missen. Het is ongelooflijk mooi om te vernemen dat zoveel mensen nauw betrokken zijn bij mijnTafel," skriuwt Van Steen op har webside.

Beskikber foar oername

Dochs hoecht it noch net hielendal de ein te betsjutten foar mijnTafel. Want Van Steen lit witte dat as der in ûndernimmer is dy't de boel oernimme kin, sy dêr wol by helpe wol om it op te setten. "Alle tafels, vitrines, hangertjes en overige spullen hebben we nu klaarstaan in opslag en kunnen worden overgenomen," lit sy witte.