Autobrân oan de Skries yn Dronryp

24 maaie 2020 - 12:38

Oan de Skries yn Dronryp hat sneintemiddei in auto yn 'e brân stien. De brânwacht fan Menaam is op it plak kaam om it fjoer út te meitsjen. De bestjoerder fan Ljouwert seach mei it riden ynienen flammen út de motorkap kommen doe't hy ûnderweis wie om ien op te heljen. Hy hat de auto oan de kant set en doe is besocht de brân út te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der rekke net ien ferwûne by de brân. De dyk is tydlik ôfsletten, njonken de brânwacht is ek de plysje op it plak oanwêzich. De Skries is de strjitte oan de noardeastkant fan it doarp dy't op de Ryksstrjitwei oanslút.

Trefwurden: 
autobrân Dronryp skries
(advertinsje)
(advertinsje)