Begjinnend bestjoerder rydt mei 220 km yn 'e oere oer N355: rydbewiis kwyt

24 maaie 2020 - 10:22

In 22-jierrige bestjoerder fan Noardeast-Fryslân hat sneontenacht in flinke boete krigen en boppedat is er syn rydbewiis kwyt. It giet om in begjinnend bestjoerder, dy't op de N355 tusken Ljouwert en Grins oanholden is doe't er mear as 220 km/o ried.

Foto: Shutterstock.com (06photo)

In plysjeman op de motor koe de bestjoerder steande hâlde, dy't dus foarearst net wer ride mei.

(advertinsje)
(advertinsje)