Warkumer foar de tredde kear pakt sûnder jildich rydbewiis

24 maaie 2020 - 09:46

In ynwenner fan Warkum hat sneontenacht foar de tredde kear yn twa jier in boete krigen foar it riden sûnder jildich rydbewiis. De man waard troch de plysje fan Boalsert-Koudum en omkriten oanholden doe't er ûnderweis nei hûs wie.

Foto: Shutterstock.com (K.J. Schraa)

As de man nochris pakt wurdt sûnder rydbewiis, wurdt syn auto yn beslach nommen, sa lit de plysje witte.

Trefwurden: 
plysje Warkum rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)