Snitser fytsedief besiket út te naaien

24 maaie 2020 - 08:31

De plysje fan Snits seach sneontenacht mei de surveillânse in man op opfallende wize rinnen mei in fyts. Dat barde op de Toppenhuzerwei, om in oere as twa hinne. De fyts siet noch op slot en doe't de man de plysjewein seach, liet er de fyts falle en naaide hy gau út. De plysje koe him lykwols gau efterhelje en oanhâlde. It giet om in 37-jierrige man fan Snits.

Fytsedief - Foto: Shutterstock.com (Andrey_Popov)

It is noch net dúdlik fan wa't de fyts is, dêrom hat de plysje in oprop dien op sosjale media mei in foto fan de fyts.

(advertinsje)
(advertinsje)