Tûzen kliko's yn 'e brân op De Gordyk

24 maaie 2020 - 09:14

Sa'n 1.000 kliko's binne sneontenacht yn 'e brân flein by it bedriuw ThermoNoord op De Gordyk oan de Wetterwille. Dêrby kaam safolle reek frij dat de helptsjinsten trije wenningen yn de buert ûntromme hawwe. Der rekken gjin minsken ferwûne.

De brân op it opslachterrein oan de Tolhûsleane waard fuortendaliks opskaald nei 'zeer grote brand' en grip1. It fjoer wie fan de sneldyk ôf te sjen. De brânwacht wie benaud dat de brân oerslaan soe nei in technyske gruthannel neist it terrein, mar dat koe foarkommen wurde. Wol luts der in soad reek oer trije huzen hinne en dêrom is in NL-alert ôfjûn. Nei twa oeren hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. De bewenners koene doe wêr nei hûs.

Wurdfierder fan de Veiligheidsegio Ingrid Weert

Foto: ProNews
Trefwurden: 
brân De Gordyk kliko's
(advertinsje)
(advertinsje)