Plysje hâldt man oan dy't yn stellen auto rûnried

23 maaie 2020 - 20:11

De plysje hat sneontejûn yn Burgum in man oanhâlden dy't yn in stellen auto rûnried. De Mercedes wie ôfrûne tongersdeitejûn stellen by in ynbraak yn in buorkerij.

Foto: Plysje

De fertochte is foar fierder ûndersyk ynsletten. De plysje hat de auto werom brocht nei de rjochtmjittige eigener.

Trefwurden: 
plysje auto ynbraak Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)