Kitesurfer rekket ferwûne op de Iselmar; kite bedarret yn 'e beam

23 maaie 2020 - 19:38

In kitsesurfer is sneontejûn op de Iselmar ferwûne rekke. Se kaam ûngelokkich telâne doe't se har sport oan it beoefenjen wie.

De kite kaam yn in beam telâne - Foto: CAMJO media / Stefan Postema

It ûngelok barde op 'e hichte fan it strânpaviljoen by Warkum. Der waard in ambulânse oproppen en ek in traumahelikopter kaam op de melding ôf.

Troch it ûngelok kaam de kite yn in beam telâne. Dizze is troch omstanners út de beam helle. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Iselmar kitesurfer
(advertinsje)
(advertinsje)