Hurde wyn soarget foar problemen; boatsjes sonken en omslein

De wyn waard ferskate wettersporters sneon te sterk. Op it Prinses Margrietkanaal by Akkrum is in boatsje, dêr't seis persoanen yn sieten, sonken. Op de Hegemer Mar sloegen twa sylboatsjes om en ek op it Tsjûkemar bedarre in sylboatsje op syn kant.
© De Vries Media
It seistal fan it sonken boatsje slagge deryn op it drûge te kommen. Se rûnen nei in buorkerij yn de buert en bellen de helptsjinsten. Se holden der neist in wiet pak gjin ferwûnings oan oer. De boat is mei in kraan út it wetter takele.
Op de Tsjûkemar, yn de buert fan Ychten, sloech in sylboatsje mei twa opfarrenden om. It twatal is troch de brânwacht út it wetter helle. Se hiene hast in oere yn it wetter lein, mar om't se in wetsuit droegen, rekken se net slim ûnderkuolle.
Ek op de Hegemer Mar sloegen twa sylboatsjes om. De opfarrenden binne der sûnder ferwûnings fanôf kaam.
Op de Iselmar by Workum is sneon in kitesurfer ferwûne rekke. Oft dat ek troch de hurde wyn kaam, is net bekend.