Famke komt fêst te sitten yn basket yn Drachten

23 maaie 2020 - 16:24

De plysje yn Drachten waard sneontemiddei oproppen foar in wol hiel bysûndere melding. In famke bliek fêst te sitten yn in basket. Se koe der net sels mear út komme.

Foto: Anton Kappers

Hoe't it famke yn de basket telâne kaam, is net bekend. Aginten binne nei boppen ta klommen en hawwe har derút lutsen. Al foar't de brânwacht arrivearre, stie se wer feilich op de grûn. Se hold neat oer oan it aventoer.

Trefwurden: 
plysje Drachten basketbaldoel
(advertinsje)
(advertinsje)