Elske DeWall sil wer optrede: "Ynienen kaam it stil te stean"

23 maaie 2020 - 16:09

Hoe bliid kin je derfan wurde as je as artyst wer foar publyk optrede meie? Sjongeres Elske DeWall wurdt der elts gefal hiel bliid fan. Op 21 juny sil it heve. Se jout dan in konsert yn Amsterdam.

Elske DeWall - Foto: Omrop Fryslân, Willy Wilpstra

"Ik mis it hiel bot", seit DeWall. "Der binne in hiel protte artysten en bandleden dy't trije kear de wike op in paad gean, en ynienen komt dat stil te stean. Giest eins fan hûndert nei nul."

DeWall hat noch wol fia in livestream optreden, mar dat wie hiel oars, fertelt se. "Dan sit ik thús, en dan tink ik, wat bin ik oan it dwaan? Dan sit ik tsjin myn kompjûter te praten. It is ek hiel oars, want ik meitsje ek folle mear fouten as oars. Op in poadium gebeurt dat je net. It is hiel frjemd."

Yntym optreden

It konsert yn Amsterdam is hiel yntym. "Ik doch it mei myn gitarist Peter Krako en myn sus Femke. Der kinne tritich minsken yn, dan jouwe wy in konsert fan in oere, dat ek livestreamd wurdt."

Op 29 juny jout DeWall ek sa'n konsert yn Lewinski yn Snits.

Elske DeWall

(advertinsje)
(advertinsje)