Undernimmer Nils Ester hat it wol drok yn coronatiid: "Sinteklaas en de krystdagen binne der neat by"

In soad winkellju hawwe it dreech troch de coronakrisis, mar tsjin alle ferwachtingen yn hat Nils Ester fan de Modelshop yn Aldegea (Smellingerlân) it smoardrok. De omset dy't Ester draait is sels heger as mei Sinteklaas en de krystdagen.
NOCH modelshop Aldegea
"Ik haw tsjin de ferwachtingen yn in omset draaid dêr't de krystdagen neat by binne. Nei in pear dagen moast ik dochs personiel optrommelje, it wie echt net te dwaan", fertelt de winkeleigener.
Dat is sa drok is by de Modelshop komt om't in soad minsken no thús sitte. "Eltsenien hat neat te dwaan. In boupakket is dan moai. Ek radiografyske autokes binne net oan te slepen. Der binne ek in soad nije klanten bykaam. Minsken dy't in nije hobby sykje. Of se hawwe de souder opromme en komme dan wer in modelauto tsjin."
Nils Ester fan de Modelshop yn Aldegea © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Ferline wike stie ik hjir foar de doar yn de rige, sa drok wie it.
Fêste klant fan Nils Ester
Sa no en dan moat Ester ek wolris 'nee' ferkeapje. "Guon boupakketten komme út Italië wei, en dat smyt dan problemen mei de levering op. Om't der it coronafirus sa bot is." En ek al giet it finansjeel hartstikke goed, dochs hopet Ester dat de lockdown gau wer oer is. "It is wol hartstikke moai yn dizze minne tiid. Foar de measte ûndernimmers is it net leuk, dat begruttet my ek echt. ik hoopje dat wy gau nei it âlde normaal kinne."
Nils Ester fan de Modelshop yn Aldegea