Wer fytser ferwûne nei oanriding op Julianaleane

23 maaie 2020 - 15:17

Op de Julianaleane yn Ljouwert is sneontemiddei in fytser ferwûne rekke nei oanriding mei in buske. Earder sneon wie der op dy dyk ek al in oanriding, wêrby't ek in fytser ferwûne rekke.

Foto: ASMedia

It slachtoffer fan it ûngelok fan sneontemiddei is troch ambulânsepersoniel behannele en oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. Nei alle gedachten is der in probleem mei de ferkearsljochten. Der wurdt ûndersyk dien nei wat der krekt bard is.

(advertinsje)
(advertinsje)