Mooglik asbest frijkaam by brân yn skuorre Nes

23 maaie 2020 - 15:00

Yn in skuorre oan de Wiesterwei yn Nes (Noardeast-Fryslân) hat sneontemiddei brân west. It brânwachtkorps fan Ternaard ried út om it fjoer út te meitsjen. Yntusken is it sein brân master jûn.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De brânwacht meldt dat der yn de skuorre asbest siet en dat der roetdieltsjes, mei dêryn mooglik asbestdieltsjes, op it terrein rûnom de skuorre en op it neistlizzende perseel lân telâne kaam binne.

In spesialisearre bedriuw is ynskeakele om it ferspriedingsgebiet fêst te stellen en ferfolgens de asbestdieltsjes fuort te heljen. Sawol de eigener fan de skuorre as dy fan it neistlizzende perseel binne ynformearre.

Trefwurden: 
brânwacht brân Nes Wiesterwei
(advertinsje)
(advertinsje)