Europeeske Dei fan it Nasjonaal Park: online yn stee fan natuerekskurzje

23 maaie 2020 - 14:21

Online is it ûntwyk fan in hiel soad aktiviteiten dy't no net trochgean kinne troch it coronafirus. In natueraktiviteit liket dêr mooglik net de meast foar de hân lizzende kandidaat foar, mar foar de Europeeske Dei fan it Nasjonaal Park op snein 24 maaie wurdt dat dochs besocht. Ek yn Fryslân, mei fjouwer Nasjonale Parken: De Alde Feanen, it Drents-Friese Wold, de Lauwersmar en Skiermûntseach.

Online ynstee fan echte natuerekskurzje

Doe't it earste Europeeske Nasjonale Park yn 1909 ûntstie yn Sweden wiene der noch gjin online aktiviteiten, mar ek gjin coronafirus. Foar de 21ste kear wurdt besocht it feit dat der Nasjonale Parken binne mei natuer dy't net allinnich fan nasjonale, mar Europeeske wearde is, te fieren. De wize dêr't dat op barre soe, wie al fierhinne regele. "We hiene it besikerssintrum iepen, allerhanne aktiviteiten foar bern en folwoeksenen yn alle fjouwer parken. Wy woene minsken echt it hiele gebiet belibje litte", seit Maeike Schraa fan IVN-Natuureducatie.

'Natuur doet je goed'

De parken sels binne mooglik grut genôch, mar de paden net foar sa'n soarte aktiviteit. Dus is der yn elts Nasjonaal Park in fideo opnaam en online set as in soarte fan online ekskurzje. Net genôch om alles sjen te litten, mar genôch moais om minsken lekker te meitsjen foar it echte wurk dat nei alle gedachten letter wer mooglik is.

Fansels kinne minsken mei de jildende RIVM-regels ek noch gewoan sels der op út. En der binne oanwizingen dat de natuer sûn is foar minsken, sa wit Schraa: "It bêste is om de natuer yn te gean. Mar ek it sjen nei natuer wurket al."

De fideo's binne hjir te sjen. Tema fan dizze feestlike dei is 'Natuur doet je goed'.

Nasjonaal Park De Alde Feanen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)