Fiif Alvestêdetochten foar it goeie doel: twa helle, trije te gean

23 maaie 2020 - 13:50

Fjouwer maten fan Skettens binne dwaande mei fiif Alvestêdetochten: reedride, kuierje, steppe, fytse en sile. It ûntstie as in grapke yn keet d'Ald Haven, ûnder it genot fan in bierke. Mar der is in goed doel oan keppele: it Foppe Fonds. Sijmon, Reinder, Jelko en Sander hawwe sneon wer in streek setten troch ien fan de tochten: de Kuieralvestêdetocht sit der op.

Nei de finish - Foto: It Alvestêdetochtteam

Sijmon van Abbema is bliid dat de kuiertocht der op sit. "It wie tongersdei in tige drege dei. Benammen Sander en ik hawwe it dreech hân om Dokkum te heljen. Nei de earste 50 kilometer tocht ik al: dit is net bêst. En dan moatte wy noch fjouwer dagen! Mar eltse dei der mar wer tsjinoan. En dan komme je ek wol wer oan. No binne wy der echt trochhinne holpen troch allegearre minsken. Der wie support út Dokkum wei en wat minsken dy't by Ljouwert klear stiene."

"Op karakter"

De jonges krigen noch in tip fan in bestjoerslid fan de echte Alvestêdekuiertocht. "Dat wie: jimme moatte yn Burdaard efkes in burreltsje dwaan. Dat hawwe wy ek dien. Neffens my hat it neat holpen, mar wy binne wol wer oankaam. It wie noch mar in eintsje. Wy wisten: dit is de lêste drege dei. Op karakter, en mar trochrinne. It waar siet tsjin en Reinder en Jelko wiene al werom rûn om ús wer op te heljen. Ik leau dat Sander wol wat ibuprofen hân hat."

Aldergeloks falt it ta mei de skea. "Sels haw ik fan de spieren net in soad lêst, allinne fan de rjochter skine. De fuorten binne wurch en ik haw blierren. Sander hat wol mear lêst fan de knibbel en heupe. Reinder en Jelko giet wol."

Autopetsje, fytse en sile

Dus kin der in streek troch de twadde tocht. "Noch mar trije te gean! Wy sjogge ek wol in bytsje tsjin de folgjende twa op. Takom wike sneontenacht sette wy útein mei it autopetsjen. Dus wy hawwe al mei al in wike om by te kommen. Dat kin noch wolris in dreech putsje wurde. Wy hawwe wol traind. Mar net in hiel soad, want je moatte foar fiif sporten traine. Dus eins hawwe wy eltse sport mar wat heal dien. Mar betrouwen is der wol," seit Sijmon.

In dei letter folget de fytstocht. "Wy hawwe allegearre in racefyts en útsein Reinder hawwe wy de Fytsalvestêdetocht ek wolris earder dien. Dus wy witte: as je begjinne en Dokkum helje, dan kinne je it ek wol útfytse." It silen is noch wol in ding, want dat kinne de manlju eins noch net goed genôch. "Wy hiene graach de ôfrûne moanne oefenje wollen, mar fanwege corona binne wy dêr net oan ta kaam. Dus dat wurdt wol in útdaging. Mar der binne twa manlju ree om mei ús mei te gean om ús op gong te hâlden."

Sijmon van Abbema oer de kuiertocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)