Turnbûnscoach Gerben Wiersma bliuwt langer: "Ek yn petear oer folgjende syklus"

23 maaie 2020 - 13:01

It kontrakt fan turnbûnscoach Gerben Wiersma is mei in jier ferlinge. De Grouster lei fêst oant en mei de ein fan dit jier, mar om't de Olympyske Spelen mei in jier útsteld binne, hat it turnbûn KNGU it kontrakt mei in jier ferlinge. Mar dêr bliuwt it mooglik net by. Wiersma praat mei it bûn ek al oer de perioade yn de oanrin nei de Spelen fan 2024.

Bûnscoach Gerben Wiersma mei Celine van Gerner en Sanne Wevers - Foto: Orange Pictures

Dat Wiersma langer oanbliuwt as bûnscoach, hie er eins wol ferwachte. "Ja, wol min of mear. We hawwe ús in healjier lyn pleatst foar de Spelen mei it team. No is it útsteld, dus sjochst by de measte bûnen wol dat se sa'n aksje ynset hawwe", doelt Wiersma op it langer oanbliuwen fan coaches.

De Olympyske Spelen yn Tokio, dy't no foar takom jier op it programma steane, binne mooglik net de lêste dy't Wiersma as bûnscoach meimakket. It soe samar kinne dat er ek yn 2024 yn Parys noch bûnscoach is. "We binne ek yn petear oer de folgjende syklus. Der is allang in rûte nei Parys útset. Yn dat opsicht ryd ik op twa spoaren. Der feroaret eins net in hiel soad foar my."

Foar Wiersma en de Nederlânske turnsters is it no saak om sa gau mooglik wer op nivo te kommen. Wêr yn oare lannen de turners foar in grut part troch gean koene, hat de Nederlânske ploech in oantal wiken stil sitten. "We hawwe in regel datst trije kear sa lang dwaande bist om wer op nivo te kommen. Dus we ha no trije oant fjouwer wiken stil sitten. Dan hast samar twa moannen nedich om op it nivo te kommen datst earder hiest."

Turnbûnscoach Gerben Wiersma

(advertinsje)
(advertinsje)