Fytser ferwûne rekke oan Julianaleane yn Ljouwert

Yn Ljouwert is sneon oan de ein fan de moarn in man ferwûne rekke by it oerstekken fan de Julianaleane. De fytser waard rekke troch in auto. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend. It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en nei it MCL sikehûs brocht.
© ProNews
De bestjoerder fan de auto en de fytser binne sels nei it fytspaad ta gien, dêrtroch hie it oare ferkear gjin lêst fan de situaasje.