Maratonnen rinne foar ûndersyk nei MS: yn eltse provinsje ien

In Fries om utens en en syn maat rinne sneon in maraton yn Fryslân yn it ramt fan MS Reseach. It giet om Berend Schotanus en René Vernooij en sy rinne foar harren oare maat Ruurd Sieperda, dy't MS hat. Om jild binnen te heljen rinne se dit jier alle moannen in maraton yn in provinsje. Sneon is Fryslân dus oan bar.
© Shutterstock.com (Pavel1964)
It plan wie om de Slachtemaraton te rinnen, mar it coronafirus soarget der foar dat dit evenemint begjin juny net trochgean kin. Dêr is no keazen foar it parkoers fan de Frysman triatlon by Warns, dy't oars alle jierren is mar no ek net trochgean kin yn ferbân mei corona.
Ruud Sieperda hie in boerebedriuw mar troch de sykte MS kin hy dat berop net mear dwaan. Ruurd waard troch syn maten Berend en René faak Jerommeke neamd en sa is teamjerommeke ûntstien mei as doel safolle mooglik jild binnen heljen troch donaasjes foar ûndersyk nei MS. Der is oant no ta al 2.000 euro binnenhelle.
"It goed goed, Ruurd en syn frou hawwe ek efkes in stikje meifytst. Sa komme wy it wol troch. Ferline jier die ik de Frysman triatlon en ik socht in nije útdaging. Doe tocht ik: soe it mooglik wêze om yn eltse provinsje in maraton te rinnen. Myn maat sei: ik doch mei, mar dan dogge wy it wol foar in goed doel," leit Berend Schotanus út.
Berend Schotanus