Measte Fryske soarchynstellingen rêde weriepening op moandei net op

24 maaie 2020 - 21:50

Fan moandei ôf meie fersoargings- en ferpleechhûzen wer mear besikers ûntfange. Mar de measte soarchynstellingen yn Fryslân helje dat net. En dat wylst de famylje troch de coronakrisis al sa lang wachtsje moat om de neiste wer op te sykjen.

Foto: Shutterstock

Reden dat it noch efkes duorret is dat de soarchlokaasjes in tal maatregels ynfiere moatte, seit Jan Maarten Nuijens, wurdfierder fan de Fryske fersoargingshûzen. "Het gaat om een totaalpakket maatregelen: wanneer wie mag komen, het maken van een ontmoetingsplek, we moeten looproutes maken, we moeten een planning maken zodat we het bezoek kunnen spreiden."

Boppedat moat it personiel ynstruearre wurde en moatte der beskermingsmiddels foar de besikers komme.

Tariede wie net mooglik

In tal fersoargingshûzen yn Nederlân wie al iepen, lykas Talma Hûs yn Feanwâlden, mar neffens Nuijens wie it foar de oare lokaasjes net mooglik om harren earder al ta te rieden op in weriepening. "De handreiking kwam pas afgelopen woensdagavond tot stand, te laat. Die handreiking moet je beschouwen als de regels waar we ons aan te houden hebben. De partijen hebben dat nodig om hun plannen te maken."

Neffens Nuijens ha de bewenners en famylje wol begryp foar de fertraging. "Ik denk dat alle locaties niets liever willen dan weer gastvrij opengaan, maar ik denk dat mensen goed snappen dat veiligheid nu prioriteit één is. Daar is ook iedereen bij gebaat."

Jan Maarten Nuijens, wurdfierder fan de Fryske fersoargingshûzen

(advertinsje)
(advertinsje)