Kondoleânsjeregister foar Andries Ekhart iepene

23 maaie 2020 - 11:04

De gemeente Ljouwert hat foar PvdA-fraksjefoarsitter en âld-wethâlder Andries Ekhart (1954-2020) fan Ljouwert in online kondoleânsjeregister iepene. Ekhart is tongersdei op 66-jierrige leeftiid hommels ferstoarn. Der kamen al in soad reaksjes online op syn ferstjerren. No kin eltsenien dy't dat wol in berjocht oan de famylje stjoere.

Andries Ekhart - Foto: PvdA Leeuwarden

It kondoleânsjeregister is al tsientallen kearen tekene. It is te finen op dizze webside.

Ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in reaksje efterlitten op it online betinkplak: "Met verslagenheid heb ik kennis genomen van het overlijden van Andries Ekhart. Het is niet te bevatten dat hij er niet meer is, ik ben er stil van. Mijn medeleven gaat uit naar zijn vrouw, kinderen en kleinkind. Andries was een echte Liwwadder. Hij had hart voor de stad en was begaan met de inwoners. Ruim een jaar geleden maakte ik voor het eerst kennis met Andries. Hij brak meteen het ijs door te vertellen dat hij leraar was geweest op de RSG in Sneek, de school waar ik ook op gezeten heb. Er was meteen een gemeenschappelijke band. [...] Ik wens zijn familie en dierbaren veel sterkte. Wij zullen Andries missen. Maar we zullen hem blijven herinneren."

(advertinsje)
(advertinsje)