FIDEO: 500 ynstjoerde miny-keammerkes wurde flatgebouwen

Gjin 50, mar hast 500 dielnimmers fan 2 oant 82 jier âld melden har foar it bouprojekt fan Stichting Stoereloer yn Ljouwert. Elts makken se in keammerke mei dêryn persoanlike of fleurige saken foar in grut miniatuerhûs. Keunstners binne drok dwaande om fan al dy eleminten ien gehiel te meitsjen. Trije ynstjoeringen wurde ta ien keammerke makke. It wurdt no net ien grut hûs, mar in tsiental flatgebouwen.
FIDEO: 500 ynstjoerde mini-keamerkes wurde flatgebouwen
Stoereloer siket noch nammen foar de flatgebouwen dy't se ynkoarten earne tentoanstelle sille. Der komt ek in webside, dêr't besikers firtueel troch de keamers hinne gean kinne.
Keunstners meitsje in flat fan keamerkes © ORF