Plysje siket tsjûgen brânstichting yn fytsehok Wommels

23 maaie 2020 - 09:22

De plysje yn de omkriten fan Boalsert en Koudum siket tjûgen fan brânstichting yn Wommels. Tongersdeitejûn om 23.00 oere hinne is in fytsehok yn 'e brân stutsen. Dat fytsehok stiet oan 't Bosk yn Wommels. It hok is flink swart bleakere, mar aldergeloks rekken de boskjes om it fytsehok hinne net yn 'e brân.

Foto: Politie Bolsward-Koudum e.o.
(advertinsje)
(advertinsje)