Kollum: "Bokse yn Saûdy-Arabië"

23 maaie 2020 - 08:34

"Wat besielet twa âlde manlju fan 53 en 57 om elkoar nei 23 jier nochris te besykjen de harsens yn te slaan? Dochs giet it boadskip hjiroer al dagen de wrâld rûn en de echte leafhawwers prate nearne oars mear oer.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Yn 1997 wie de lêste Alvestêdetocht hjir yn Fryslân, mar in pear moannen letter, op 28 juny om eksakt te wêzen, barde der ek wat yn Las Vegas. Foar it twadde jier op rige stienen Mike Tyson en Evander Holyfield yn de ring fan de MGM Grand Garden Arena om te boksen om de WBA-titel yn it swiergewicht. In jier earder hie Holyfield Tyson ferslein. De skiedsrjochter makke doe in ein oan it gefjocht. In jier letter krige Tyson kâns op ferjilding fan dy nederlaach. It duel soe foar altyd bekend bliuwe om it feit dat Tyson in stik út Holyfield syn ear biet en dêrom diskwalifisearre waard. It duorre 15 jier foardat de hoantsenwer mei elkoar troch ien doar koenen.

Mike Tyson wie mei 20 jier de jongste wrâldkampioen swiergewicht. Hy wie in woesteling yn de ring en sloopte al syn tsjinstanners, leafst yn de earste ronde fan in wedstriid. Yn 50 winstpartijen sloech er 44 kear syn tsjinstanner knock out. Hy fertsjinne miljoenen dollars, mar jage al dat jild der wer soepel trochhinne. Sterker, de lêste jierren fan syn karriêre bokste er foaral om skulden fuort te wurkjen.

Syn gewelddiedige wize fan fjochtsjen naam er ek mei bûten de ring en hy rekke yn de problemen. Mike Tyson hat mei dêrtroch in jier as wat efter in doar sitten dy't er net sels iependwaan koe, hoe hurd hy der ek op omsloech. Hy waard nammentlik feroardiele foar ferkrêfting, siet trije jier fêst en bekearde him yn dy tiid ta de islam. Iron Mike, sa't syn bynamme is, hat acht bern, dat is altyd noch wer trije minder as Evander Holyfield. Dy hat alve bern by seis ferskillende froulju. Hy hat dus bûten de ring net stilsitten, syn bynamme is dan ek The Real Deal.

No giet it ferhaal dat dizze beide âlde matsjedoaren noch in kear mei harren beiden in partij op elkoar ynhouwe wolle. Foar in goed doel, sa sizze se. Je soene tinke, wat ha se noch oan krêft yn dy âlde fûsten? No, ik soe der foar gjin noch safolle mei yn in ring stappe, dat sil ik jim al sizze. Der steane in pear trainingsfilmkes op YouTube en dêryn lit Mike Tyson sjen dat er noch krekt sa destruktyf is as jierren lyn. Fan oardel meter ôfstân tusken him en syn sparringspartner is trouwens gjin sprake.

As de gerjochten doge, sil it tredde gefjocht tusken beide manlju op 11 july plakfine yn de religieuze thúsbasis fan Mike Tyson syn nije leauwen, Saûdy-Arabië. It sil my benije wa't dêr as earste yn it stof byt en oft der ek froulju op de tribune sitte meie."

(advertinsje)
(advertinsje)