Omrop TIP: diel 2 fan 'De berchrede fan it flakke lân'

23 maaie 2020 - 08:38

Hoe sjocht de wrâld der nei de coronakrisis út? En hoe wólle wy dat dy der útsjocht? Wittenskippers en oare tinkers jouwe antwurd op dy fragen yn de searje De berchrede fan it flakke lân. Sy skriuwe mei oan de takomst. Fryslân DOK bringt dokumintêres op telefyzje en in podcast mei ynterviews. Yn diel twa komme biolooch Theunis Piersma en terapeut Greet Andringa oan it wurd.

De coronakrisis hat ús maatskippij ferlamme. Mar dy opleine stilte jout ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hokker ynsichten komme nei boppen? Wy moatte foarút, dus wat wolle wy meinimme nei de nije tiid? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better?

Mei de searje De berchrede fan it flakke lân freget Fryslân DOK oan wittenskippers en oare tinkers in essay te skriuwen oer de takomst. Elk skriuwt syn eigen part en wiist ús in rjochting dy't wy ynslaan kinne, as wy dat wolle.

Greet Andringa en Bart Kingma yn 'e tún - Foto: Omrop Fryslân

Yn diel twa litte Greet Andringa en Theunis Piersma de gedachten en idealen dwale oer ús flakke lân. Op filmyske wize besiket Fryslân DOK dy fisy's te fangen en te ferbyldzjen, ûnder it motto: 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'. Bart Kingma docht de ynterviews, Jan Bensliman en Albert Jensma it kamerawurk.

De ynterviews mei de skriuwers binne ek te beharkjen as podcast, te finen by Spotify en oare podcast-apps ûnder 'Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân'. De tekst fan de essees wurdt publisearre troch it tydskrift De Moanne.

Greet Andringa yn har tún oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân

Greet Andringa

Greet Andringa is PRI terapeut (Past Reality Integration). Greet har útgongspunt is: as wy twongen wurde om stil te stean, gean dan ek écht efkes stilstean. Sykhelje, en nei dysels harkje. Greet: "Frijút sykhelje: wat in genot! De lucht rêstich yn en út jo longen streame litte. Sa gewoan, sa fan it begjin ôf by ús, dat we al lang fergetten binne derby stil te stean. Yn- en útstreamende lucht. Skjinnere lucht. En dat jout hoop. As wy it in toskje minder dogge, gewoan stilstean en sykhelje, wurdt ús omjouwing, de loft, it wetter ek wier skjinner. It hat sin en it is mooglik."

Harkje hjirûnder nei de Podcast 'De berchrede fan it flakke lân: Greet Andringa'

Greet Andringa seit: "Stilstean en sykhelje stimulearret kreativiteit en de meiminsklikens: muzykútfieringen op it balkon, byldbelgearkomsten, grapkes, al dy wizen om yn ferbining te bliuwen of te kommen: der is mear fan as ea tefoaren. Mar stilstean en sykhelje, dat slagget net eltsenien, it slagget net altyd. Hiel faak net sels. Yn dizze krisis dogge we wat we altyd dogge as we gefaar waarnimme, allinnich is it no útfergrutte. Want de ûnfeiligens is fan in ûnbekende soarte. It is oeral, komt fan alle kanten. Net ien wit hoe lang't it duorret. Of hoe slim't it foar ússels of ús neisten wurdt."

Bart Kingma en Theunis Piersma yn it fjild - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)