Plannen Fryske ynvestearders mei Groningen Airport Eelde hiel geheimsinnich

23 maaie 2020 - 08:02

Gemeente Grins en Stichting FB Oranjewoud makken yn maart bekend dat de gemeente har belang fan 26 persint yn oandielen fan Groningen Airport Eelde ferkeapet oan FB Oranjewoud Participaties. Dit is in folle dochter fan de Fryske Stichting FB Oranjewoud. De Fryske ynvestearringsmaatskippij leit it symboalyske bedrach fan 1 euro op tafel. Mar wat wol in Fryske ynvestearringsmaatskippij mei in earm fleanfjild dat de kommende jierren miljoenen nedich hat om oerein te bliuwen? Loek Mulder en Martijn Folkers fan RTV Noord ha hjir ûndersyk nei dien.

Foto: ANP

Hoewol't de oerienkomst tusken Grins en FB Oranjewoud rûn is, stuts ferline wike ien fan de oare oandielhâlders syn finger op. Leefbaar Tynaarlo hie it better fûn wannear't Tynaarlo, of ien fan de oare oandielhâlders, de oandielen fan de gemeente Grins kocht hie. Want stel dat it fleanfjild ferdwynt, dan is de grûn as wenningboulokaasje goud wurdich. De oare oandielhâlders binne de provinsjes Grinslân en Drinte en de gemeenten Assen en Tynaarlo.

Fryske belutsenens

Dat de oandielen ferkocht binne oan de Fryske stichting kaam foar in soad minsken as in ferrassing. Want foar it earst reitsje Friezen finansjeel belutsen by it fleanfjild en boppedat wie ek nea earder in partikuliere partij (mei-)eigener fan Eelde. De gemeente Grins is bliid dat se fan de oandielen ôf binne. Se woene dat al sûnt 2017. De stêd sjocht it oereinhâlden fan in fleanfjild net as in gemeentlike taak. Lit dat de provinsjes mar dwaan, fine sy.

Ek it fleanfjild sels reagearret bliid op de transaksje. Stipe fan de kant fan de ûndernimmers is fan grut belang, seit foarsitter Leendert Klaassen fan de Ried fan Kommissarissen fan Groningen Airport Eelde. "FB Oranjewoud is een stichting die opkomt voor de sociale, economische en maatschappelijke ontwikkeling van Noord-Nederland. Daarmee past zij perfect bij het perspectief van het vliegveld als noordelijke luchthaven", sei Klaassen yn Dagblad van het Noorden.

Net meibetelje

Mar de oerdracht fan oandielen ropt fragen op. Want it is ûndúdlik wat de stichting mei it fleanfjild wol. FB Oranjewoud hat al bekendmakke dat se net meibetelje wolle oan de ynvestearringsplannen dy't der lizze. Dus op dit momint sjit it fleanfjild der yn elts gefal net safolle mei op.

FB Oranjewoud dan. It is in stichting dy't de neilittenskip fan de ferkeap fan de Friesland Bank yn behear hat. Dy bank kaam yn 2012 yn hannen fan de Rabobank, dy't yn ruil fan it eigendom 126 miljoen euro joech oan de Stichting Friesland Bank. Dat waard letter omdoopt ta FB Oranjewoud. Doel fan de stichting is it befoarderjen fan it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Noard-Nederlân.

'Tsjoch op'

Hoewol't FB Oranjewoud, dat kantoar hat yn Oranjewoud, Noard-Nederlân as wurkgebiet neamt, toant it him yn it foarste plak troch en troch Frysk. FB stiet foar Fryslân Boppe en op harren webside fertelt FB Oranjewoud dat it de Fryske ekonomy en identiteit befoarderje wol. 'Tsjoch op' is it motto fan de stichting, twa wurden út de earste sin fan it Fryske folksliet: 'Frysk bloed tsjoch op'.

Je soene konkludearje kinne dat FB Oranjewoud de dielnimming yn Groningen Airport Eelde sjocht as in wize om de Fryske provinsje foarút te helpen. Dat yn tsjinstelling ta de hannelswize fan de Fryske polityk, dy't wol de lobby foar it fleanfjild stipe, mar der nea foar betelje woe.

FB Oranjewoud stipet ûnder oaren it keatsen, helpt Fryske bedriuwen mei ekportplannen en stimulearret allerhanne kulturele inisjativen. Ek partisipearret de organisaasje yn tsien ûndernimmingen, wêrfan ien út Grinslân: wynmûnebouwer Steg yn Hoogezand.

Eigener fan bedriuwen

Ien fan de wichtichste dielnimmingen is dy yn útjouwerskonsern NDC Mediagroep, in mingd Frysk-Grinslanner bedriuw en útjouwer fan ûnder oare de Leeuwarder Courant en Dagblad van het Noorden. FB Oranjewoud hat dêr 82 persint fan de oandielen yn hannen.

Krekt as NDC hat ek Groningen Airport Eelde baat by in finansjeel sterke partij as oandielhâlder. NDC en Groningen Airport Eelde steane der finansjeel min foar, se liede ferlies en om se oerein te hâlden of ynvestearringen dwaan te kinnen, is jild fan oaren nedich. Dat sille yn it foarste plak de oandielhâlders wêze, want gjin bank sil no jild yn dizze organisaasjes stekke. Mar hoe't FB Oranjewoud der finansjeel foar stiet, is krekt sa ûndúdlik as wat de plannen binne fan FB Oranjewoud mei it fleanfjild. Finansjele sifers makket de stichting net bekend.

Foto: RTV Noord

Finansjele situaasje

Op fragen oer de finansjele situaasje wol foarsitter Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud gjin antwurd jaan. Yn in skriftlike reaksje lit FB Oranjewoud witte: "Het is het beleid van FBO om de deelnemingen al dan niet mededelingen te laten doen over hun performance en verder geen toelichting te geven op de financiële performance van FBO zelf of haar dochter of houdstervennootschappen."

Wat der noch oer is fan it oarspronklike bedrach fan 126 miljoen euro, acht jier nei de oprjochting fan FB Oranjewoud, is dus net te sizzen.

De beurs lûke

Jild fertsjinnet FB Oranjewoud mei de dielnimmingen yn de bedriuwen. Dy kinne dividind útkeare en fia lieningen dy't FB Oranjewoud jout oan de bedriuwen dêr't it yn partisipearret, komme de rintebaten binnen. Dêr stiet tsjinoer dat FB Oranjewoud by bedriuwen dêr't it minder goed giet de beurs lûke moat. Dat is it gefal bygelyks by it swier ferliesjouwende NDC dat mei miljoenen stipe wurdt troch FB Oranjewoud. Mei de coronakrisis yn de efterholle is it dêrnjonken hiel goed mooglik dat ek oare bedriuwen dy't de Fryske stichting yn eigendom hat, oanklopje sille foar finansjele stipe.

Absolút betrouwen

De oare oandielhâlders, de provinsjes Grinslân en Drinte en de gemeenten Assen en Tynaarlo en ek it fleanfjild sels, hawwe gjin ûndersyk dien nei de finansjes fan de nije oandielhâlder. It management fan it fleanfjild lit witte wat dat oanbelanget "geen partij te zijn". Foarsitter Leender Klaassen fan de Ried fan Kommissarissen fan Groningen Airport Eelde seit dat hy dêr gjin ynsjoch yn hat.

De Grinslanner deputearre fan Ekonomyske Saken Rijzebol seit "absoluut vertrouwen" te hawwen yn FB Oranjewoud. De oandielhâlder sitte aanst dus oan tafel mei in partij wêrfan't se net witte koe dat dy der finansjeel foar stiet, wylst der miljoenen nedich binne om it fleanfjild allinnich al oerein te hâlden. Ek is foar harren net dúdlik wat de plannen fan FB Oranjewoud binne mei it fleanfjild.

Net ynvestearje

Dêr komt by dat de nije oandielhâlder fan Groningen Airport Eelde yn elts gefal no noch net ynvestearje wol yn it fleanfjild, De plannen dy't der lizze moatte betelle wurde troch de oare oandielhâlders. Net ien sil him in bult falle oan in ynvestearring fan ien euro. Mar hoe't de belutsenens fan FB Oranjewoud him fertaalt yn finansjele stipe en help by it meitsjen fan plannen dy't it fleanfjild foarút helpe, dêr jout Fryslân Boppe Oranjewoud gjin antwurd op.

Topman Groningen Airport Eelde freget ministearje om finansjele stipe

Ynterim-direkteur Bart Schmeink fan Groningen Airport Eelde freget it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu om in nasjonale pot yn it libben te roppen dêr't behear en ûnderhâld fan de fleanfjild út betelle wurde kin. Hy docht dat yn in ynterview mei it Financiële Dagblad. Schmeink neamt yn it ynterview de finansjele posysje fan Groningen Airport Eelde "desastreus".

In nasjonale pot moat de oanset wêze ta ien ynfrastruktureel systeem, mei Schiphol as 'boechbyld'. Schmeink sjocht it as ProRail foar it fleanfjild, dêr't de kosten foar behear en ûnderhâld út betelle wurde moatte foar alle fleanfjilden yn Nederlân. "Vergelijk de functie van luchthavens met die van het spoor en de bruggen", seit Schmeink. De jierlikse kosten foar behear, ûnderhâld en feiligens betsjutte foar Groningen Airport Eelde 4 oant 7 miljoen euro.

It leafst giet Groningen Airport Eelde noch in stap fierder. Schmeink ferfolget yn it ynterview dat in alliânsje mei Schiphol in "logische optie" wêze soe. Schiphol soe dan as regisseur de sprieding fan flechten oer Nederlân fersoargje kinne. "CEO Dick Benschop snapt dit", meldt Schmeink. De petearen mei Schiphol ha noch neat konkreets opsmiten.

Foto: FB Oranjewoud

Fryske polityk

De stap fan FB Oranjewoud om in minderheidsoandiel te nimmen yn Groningen Airport Eelde wurdt troch de Fryske polityk mei ynteresse folge. "Dit is in ferrassende stap, dy't ik net oankommen seach", seit fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan it CDA, de grutste partij yn de Steaten. "Ik ken Oranjewoud as in ûndernimmende partij, dy't wit wat se docht. In partij dy't mooglik nije elan mei him meibringt."

Koälysjepartij PvdA neamt it út de mûle fan fraksjefoarsitter Hetty Jansen "een interessante ontwikkeling". "Ik heb het met belangstelling gelezen, ik ben heel benieuwd wat Oranjewoud van plan is met het vliegveld."

FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong, ek koälysjepartij, seit: "Wat wit wat foar moais hjirút komt."

De VVD is it meast entûsjast: "It is wol hiel aardich dat FB Oranjewoud dizze stap nimt", seit fraksjelieder Klaas Kielstra. "It is in moai sinjaal."

Fryslân gjin oandielhâlder

De fjouwer koälysjepartijen sjogge de Fryske private stap as minderheidsoandielhâlder fan Groningen Airport Eelde net as in earste stap foar de provinsje om ek oandielen te keapjen yn Eelde. Yn 2017 kaam dy fraach oan bar doe't de oandielhâlders oan de provinsje Fryslân fregen om mei te beteljen oan de ynvestearringsaginda fan 46 miljoen euro. Fryslân wie doe ôfwizend en is dat noch.

"Ik sjoch net daalks in oanleiding wêrom't wy no wol ynstappe moatte", seit Tjalsma fan it CDA. "De eastkant fan Fryslân, sis mar Drachten en omjouwing, is op Grinslân en Drinte oriïntearre, mar de súd- en westkant fan ús provinsje net. Ik fyn de ûntwikkeling fan Lelystad Airport nijsgjirriger. Wat giet dêr barren? Dat is foar de ynwenners fan dy kant fan ús provinsje in nije, goede ferbining. In fleanfjild hat boppedat massa nedich, massa dy't der by Lelystad is. By Groningen Airport Eelde is dy der net", seit Tjalsma.

De oare partijen wolle ek net oanhekje as oandielhâlder, al lit de VVD de doar op in kier. "Foar no is it in stap te fier", seit VVD'er Klaas Kielstra. "Mar ik bin al langer pleitbesoarger foar in noardlike aginda foar ynfrastruktuer. En dêr heart wat my oanbelanget Groningen Airport Eelde grif by."

Loek Mulder fan RTV Noord

(advertinsje)
(advertinsje)