Stille tocht yn Wolvegea foar troch ûngelok omkommen Mohammed

23 maaie 2020 - 07:21

Yn Wolvegea is freedtejûn in stille tocht holden foar de 26-jierrige Mohammed Rastegar. Der wiene goed hûndert famyljeleden, bekenden en freonen byinoar kaam op it Van der Sandeplein. Rastegar ferstoar koartlyn nei in ûngelok op de A32.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Rastegar is nei it ûngelok nei it UMC yn Grins brocht, mar op freed is er dêr ferstoarn oan syn ferwûningen. Om de begraffenis te beteljen is der in crowdfundingsaksje opset. Dêr waard al gau 14.000 euro mei ophelle.

De stille tocht sette útein by kafee De Titanic, dat yn it ferline fan de famylje fan de jonge wie. Under begelieding fan de plysje binne de minsken yn de stille tocht mei fakkels troch it doarp kuiere. By de Gentiaan is Rastegar betocht.

(advertinsje)
(advertinsje)