IC-haad Peter van der Voort: "We zijn door het oog van de naald gekropen"

22 maaie 2020 - 21:14

We binne mei ús allen troch it each fan de nulle krûpt. Dat seit Peter van der Voort, haad fan de intensive care yn it UMCG yn Grins en Earste Keamerlid (D66), oer de coronakrisis. Hy wennet yn Boksum. As de lockdown in pear dagen letter yngien wie, wiene der neffens him folle mear deaden fallen. "Dan was het te laat geweest, dan waren alle IC-bedden op geweest", sei Van der Voort yn it Polytburo.

Sels it bouwen fan needsikehûzen hie dan gjin oplossing west, neffens Van der Voort: "Wat je dan zou krijgen, is dat mensen niet de zorg zouden hebben gekregen die ze nodig hadden. We hebben wel even flink aan de bak gemoeten, maar iedereen heeft de zorg gekregen die hij nodig had." Achterôf sjoen wiene we dêr neffens Van der Voort hielendal net op taret. "Verpleegkundigen hebben nooit geleerd om met drie of vier patiënten te werken."

In wichtige les út de ôfrûne perioade is dat sikehûzen leare hoe't se it by in folgjende weach of krisis oanpakke moatte. "De basiszorg kan ook door afdelingsverpleegkundigen worden gedaan. Taken als wassen of maagsondes inbrengen, hoeven niet perse door een IC-verpleegkundige te worden gedaan. Zo'n manier van werken moet je leren, maar het kan wel."

Gjin inkelde reservekapsaiteit

De ôfrûne jierren is der yn Nederlân flink ôfskaald op it oantal IC-bêden en ferskate sikehûzen sletten harren doarren. As dy IC-bêden der noch west hiene, hie dizze krisis eins better te behappen west. "We hebben de afgelopen jaren met extreem weinig IC-bedden goede zorg weten te leveren, maar daar zat geen enkele reservecapaciteit meer in voor een pandemie als deze. Ik denk dat we ons daar beter op voor hadden kunnen bereiden. Die flexibiliteit hadden we in moeten bouwen in ons systeem."

Hja sei altyd dat der ris in pandemy as dizze komme soe. Dochs wie Nederlân der net klear op. "In 2009 hadden we influenza, dat konden we net handelen. Vanuit de Nederlandse Vereniging voor Intensive Care zijn daarvoor protocollen en draaiboeken gemaakt. Maar die discussie is nooit helemaal afgerond en geïmplementeerd in reserve-IC-capaciteit."

Oantal IC-bêden wurdt fergrutte

As ien ding dúdlik wurden is, dan is it wol dat Nederlân net taret wie op in pandemy as dizze. Der is dan ek besletten it tal bêden op de IC's yn ús lân te fergrutsjen, fan 1.150 nei 1.700. Ek Fryske sikehuzen krije der bêden by. Wêr en hoefolle wurdt noch oer praat.

(advertinsje)
(advertinsje)