Twaspjalt yn ried Dantumadiel oer amtlike gearwurking mei Noardeast-Fryslân

22 maaie 2020 - 20:25

Der is gedoch tusken de gemeentes Dantumadiel en Noardeast-Fryslân oer de amtlike gearwurking. Dantumadiel fynt de tsjinstferliening op de mêden kommunikaasje en romtlike oardering ûnder de maat en wol foar dizze taken no sels in eigen 'Team Dantumadiel' oprjochtsje.

De kolleezjepartijen Gemeentebelangen, ChristenUnie, Sociaal Links en SGP stypje dizze oanpak, mar CDA, FNP en VVD binne hjir bot fan skrokken en hawwe foar nije wike tiisdei in ynterpellaasjedebat oanfrege. "Dit komt del op healwei de wedstriid it fjild ferlitte", seit Jan Jitse Visser fan it CDA. "Je sette sa de ferhâlding mei Noardeast-Fryslân op skerp." Romke Postma fan Gemeentebelangen sjocht der oars tsjinoan. Neffens him is it oprjochtsjen fan in apart 'Team Dantumadiel' krekt yn it belang fan de gearwurking.

Dochs net fusearje

It is in ferhaal mei in lytse skiednis. De amtlike gearwurking yn Noardeast-Fryslân bestiet al jierren en soe útrinne op in folsleine fúzje tusken fjouwer gemeentes. It ferhaal waard oars doe't de ried fan Dantumadiel it beslút naam om net bestjoerlik te fusearjen mei Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel, mar wol troch te gean mei de amtlike gearwurking mei de folle gruttere fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. Kenners fan it iepenbier bestjoer warskôgen doe al foar in 'risikofolle konstruksje', dy't sûnder mis problemen opsmite soe.

Ut in evaluaasje fan de amtlike gearwurking hat dizze winter bliken dien dat der noch wol wat te ferbetterjen falt oan de organisaasje fan Noardeast-Fryslân. Dantumadiel soe benammen op de mêden kommunikaasje en romtlike oardering oan de krapper ein komme. It kolleezje fan it bestjoerlik selsstannige Dantumadiel naam dêrom begjin dizze moanne it beslút om sels wer in apart 'Team Dantumadiel' op te rjochtsjen foar kommunikaasje en romtlike oardering.

"Mei it oprjochtsjen fan in eigen 'Team Dantumadiel' helpe je de organisaasje", seit Romke Postma fan Gemeentebelangen. "We losse sa ek in probleem op foar Noardeast-Fryslân, want dy hawwe no te min kapasiteit. Wy sizze de gearwurking net op, we skrasse allinnich in oantal taken omdat bliken dien hat dat dy no net goed útfierd wurde." Neffens Postma giet it om in saaklik ferskil fan miening dat ek hiel goed saaklik oplost wurde kin.

Fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser fan it CDA hat yn it foarste plak 'in hiel soad fragen' oer it foarnimmen fan Dantumadiel om wer mei in eigen team fan amtners te wurkjen. "Wy sjogge dat Damwâld Noardeast-Fryslân no letterlik de rêch takeart en tagelyk bliuwe je oan inoar ferbûn troch dy gemeentlike organisaasje. Je lûke sa foar in part de stekker út de gearwurking. Dantumadiel nimt bestjoerlik en finansjeel in grut risiko." Visser fynt dat der in bemiddelingspoging komme moat troch in ûnôfhinklike mediator om mei-inoar ta in oplossing te kommen.

Finansjele konsekwinsjes

Visser sit foaral yn noed oer de finansjele konsekwinsjes fan it beslút om foar in part mei de gearwurking te beëinigjen én wer in eigen team fan amtners op te rjochtsjen. "Dit is in grutte stap, mei in hiel soad ûnwissichheden en risiko's. En wa draait úteinlik op foar de rekken dy't betelle wurde moat? De boargers fan Dantumadiel. It kin wol yn 'e miljoenen rinne."

Postma fan Gemeentebelangen sjocht dy grutte finansjele risiko's net, en neamt it plan fan Dantumadiel 'in kreative en elegante oplossing'. "Ik tink dat wy sa toane dat wy in hiele koöperative gearwurkingspartner binne", seit Postma. "We sizze de gearwurking net op, wy skrasse allinnich in stikmannich taken. We dogge dat allinnich omdat bliken dien hat dat dy no net goed útfierd wurde. Wy losse dus foar beide gemeentes in probleem op."

Tsjinstauto fan de gemeente Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân

Romke Postma fan Gemeentebelangen Dantumadiel

(advertinsje)
(advertinsje)