Muzykferieningen meitsje yn coronatiid dochs muzyk mei-inoar

22 maaie 2020 - 18:10

No't de repetysjes en konserten fan alle muzykferienings net trochgean en de muzyk stilleit, wurdt der op nije wize muzyk makke. In protte korpsen sykje nei kreative wizen om dochs noch mei-inoar muzyk te meitsjen.

In populêre wize fan muzyk meitsjen yn dizze tiid binne de saneamde 'split-screen'-fideo's. Yn dy fimkes nimt elke muzikant itselde muzykstik op mei de telefoan en dy wurde dan ûnder mekoar plakt. De muzikanten hawwe sa dochs in bytsje it idee dat se mei-inoar spylje.

Filmke

Muzykferiening Nij Libben yn Wytmasum is ien fan de korpsen dy't sa'n filmke opnaam hat. Muzikant Hilde Veninga kaam mei it inisjatyf. "Ik siet op Facebook en seach sa'n selde opname fan de Cory Band út Ingelân. Dus doe ha ik it idee nei ús leden stjoerd en elkenien wie der entûsjast oer."

De kar foar it muzykstik wie maklik. "Dit wie einliks it iennige maklike stik dat wy noch efkes trochspile hiene en elkenien kin dizze, dus dat is wol hiel leuk."

Foto: Omrop Fryslân

Nei't de earste filmkes online kamen, begûn it baltsje te rôljen, want ek jeugdkorps De Toeterbende docht mei. Dirigint Christina van der Bijl waard entûsjast fan alle filmkes. "Dit is superleuk om te dwaan, en benammen mei in jeugdorkest."

Troch op dizze wize mei-inoar muzyk te meitsjen, hâlde de muzikanten yn dizze tiid dochs noch in bytsje kontakt mei-inoar. Mar neffens Van der Bijl is it mar in tydlike oplossing. "It hellet it fansels net by it live muzyk meitsjen, dat is it alderleukst. Dit is in bytsje in treastpriis eins", seit de dirigint.

Ynfloed fan coronakrisis

De ynfloed fan de coronakrisis op de Fryske blaasmuzyk is grut. Troch de krisis kinne konserten en optredens sa as it konsertkonkoers fan OMF en it donateurskonsert, net troch gean. Dat jild ek foar doarpseveneminten wer't de muzykferienings faak by binne sa as keningsdei, de keatspartij en de avondvierdaagse. In protte korpsen rinne hjirtroch oant de simmer al gau acht optredens mis.

Ek van der Bijl fernimt de ynfloed op de kultuersektor. "It is dochs wol in bytsje in drama. Fan gewoan repetearje en plannen meitsje nei letterlik weromfluite wurde." Dochs fernimt se dat de leden de motivaasje net ferlieze. "Wat ik merk is dat minsken soksoarte dingen dochs wol oangean. Lykas mei it filmke fan de Toeterbende, alle bern hawwe meidien." Ek by oare orkesten is Van der Bijl dwaande om ditsoarte projekten op te setten. "Minsken dogge der dochs wol oan mei, en dat is leuk."

Foto: Omrop Fryslân

Foar in soad minsken is muzyk meitsje ek in sosjaal gebeuren. It is neffens Van der Bijl dêrom ek belangryk om sa gau as mooglik wer mei-inoar te blazen. "Mei syn allen komme je by mekoar, minsken fan alle leeftiden en eftergrûnen. In bytsje 'socialize' mei mekoar, mar ek hiel noflik spylje. Dat kin no net mear, en dat is hiel jammer."

Noed by OMF

Dat de muzykferienings yn Fryslân it al langer dreech ha, is neat nijs. 20 jier lyn lei de sitewaasje der by de ferienings hiel oars by. Wer't bygelyks De Bazuin en Klimop yn Berltsum 20 jier lyn yn totaal noch mear as 100 leden hiene, hâld dat no mei 60 leden wol op. De twa korpsen binne yn 2013 by mekoar kaam, om't beide ferienings net in genôch leden mear hiene.

De organisaasje foar muzykferienings yn Fryslân (OMF) makket him wol soargen oer de orkesten yn Fryslân. By de OMF binne 200 Fryske muzykferienings oansletten, goed foar sa'n 10.000 muzikanten. Foarsitter Johan Meesters wit net oft it mei de nije oardelmetermienskip wol mooglik wurdt om te repetearjen.

"De sportferienings meie al wer begjinne, mar by muzykferienings is dat dochs wat minder dúdlik. De jeugdorkesten meie no wol wer spylje, mar hoe't it mei de folwoeksenen komt, is noch wol in fraachteken foar ús," seit Johan Meesters fan OMF.

De OMF folget de lanlike rjochtlinen op fan de KNMO, de Koninklijke Nederlandse Muziek Organisatie. "We witte net wat de rjochtlinen wurde. Moatte wy aanst allegear spylje op oardel meter? Dy repetysjeromtes binne der eins net op ynsteld. En kinne wy noch wol goed muzyk meitsje? Dêr meitsje wy ús wol soargen oer", seit Meesters.

Johan Meesters fan it OMF oer de Fryske blaasmuzyk

Meesters fynt it moai dat de muzykferienings nettsjinsteande de krisis dochs noch muzyk mei mekoar meitsje op oare wizen. "Wy ha sels ek in wurkshop jûn oer hoe't je digitaal repeteare kinne. Sa binne je dochs noch mei mekoar muzyk oant it meitjsen en dat is hiel posityf."

Hy sjocht wol dat de motivaasje by guon muzikanten dochs wol wat fuort sakket. "Wy ha wol fan ferienings heard dat der wat muzikanten ophâlden binne, om't sy minder motivearre binne. De motivaasje komt fansels om't je it mei mekoar dogge, dus ik kin my wol foarstelle dat dy motivaasje minder wurdt."

Untwikkelingen

De foarsitter is benijd hoe't de ûntwikkelingen wêze sille yn de blaasmuzyk. Neffens him sille de gewoane repetysjes yn elts gefal dizze simmer noch net wer begjinne. Wannear't de korpsen wol wer repetearje meie, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)