Himpkwekerij oantroffen yn Wâldsein; boargemaster slút loads

22 maaie 2020 - 18:07

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat in loads oan De Zwaan yn Wâldsein slute litten. Dêr waard in himpkwekerij ûntdutsen, mei goed 660 planten. De loads bliuwt trije moanne ticht.

Foto: Pixabay

De gemeente wol mei de sluting fan de loads it sinjaal ôfjaan dat dit soarte aktiviteiten net tastien wurdt. It lokket organisearre kriminaliteit oan en liedt ta drugstoerisme, seit de gemeente. De gemeente freget ynwenners om it te melden as se fermoedens fan drugsmkriminaliteit hawwe by har yn de buert.

(advertinsje)
(advertinsje)