Groepsakkommodaasjes foarsichtich wer iepen

Groepsakkomodaasjes sette dit wykein stadichoan de doarren wer iepen. Nei de lêste parsekonferinsje kinne rekreaasje-organisaasjes wer groepen fan 30 minsken ûntfange. Mar troch de 1,5 meter-mienskip wurde romten dêr't oars 100 gasten ferbliuwe, no mar troch 15 man beset.
Groepsakkommodaasjes foarsichtich wer iepen
Fan maart oant en mei oktober is it meastal smoardrok by sylskoalle Pean yn Nes, by Akkrum. Wêr gewoanwei plak is foar 150 minsken, kinne der troch de 1,5 meter-mienskip mar in hânfol minsken komme. "Op dit stuit hawwe we trije húshâldingen dy't hjir ferbliuwe, dy sitte yn de grutte ytseal allegear los fan inoar oan in grutte tafel", fertelt koördinator Rienk de Jonge fan Pean. "En ek de syllessen gean oars. De instrukteur fart mei op in eigen boatsje neist de kursisten en moat sa de ynstruksjes jaan."
Dit weekend zouden we 70 man van de Zwolse zeilclub ontvangen, een hechte groep die hier al 25 jaar komt. Die hebben we moeten afzeggen, net als een enkele bruiloften en bedrijfsuitjes.
Natasja van den Bos - Sylskoalle Pean
Maaike en Hessel Ploeg fan groepsakkommodaasje De Turfhoeke © Omrop Fryslân
Ek Maaike Ploeg fan groepsakkommodaasje De Turfhoeke op De Gordyk ûntfangt dit wykein wer gasten. "Dat kan omdat we aparte slaapkamers met eigen sanitair hebben. Ons probleem is echter dat we maar één gezamenlijke huiskamer hebben voor alle gasten. Door de anderhalve meter afstand kunnen we daardoor dus niet alle slaapplekken benutten".

Ynkomsten troch de helte

Dêrtroch kin Ploeg de lúkse fakânsjebuorkerij mar foar in groep fan maksimaal 10 minsken ferhiere. "Onze inkomsten zijn daarom met de helft gedaald, omdat we maar tien van de twintig bedden beschikbaar kunnen stellen." Yn en om De Turfhoeke hawwe Ploeg en har man ferskate maatregels naam. Sa hinget der op ferskillende duorren it protokol, binne der minder stuollen yn de wenkeamer en op it terras. En by de yngong nei de wenkeamer stiet in selsmakke desynfeksje-unit, mei sjippe, spray en lateks-moffen.

Vakantiehuis XL

Nettjinsteande de coronamaatregels sykje sylskoalle en fakânsjebuorkerij beide nei oplossingen om dochs de boel draaiende te hâlden. "Wy kinne noch hieltyd sylles jaan. En in boatsje hiere kin ek altyd. En wy binne no dwaande om lytse húskes op it terrein del te setten, sa't minsken dochs hjir oernachtsje kinne", sa seit Rienk de Jonge.
En De Turfhoeke past de namme wat oan. "Mensen die nu in eigen land op zoek zijn naar een vakantie-adres zoeken niet naar een groepsaccommodatie. Dus noemen we De Turfhoeke nu vakantiehuis XL".
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Maaike Ploeg fan De Turfhoeke
Dat der nei 1 juny wer groepen fan 30 minsken tastien wurde is foar beide ûndernimmers mar relatyf. Al binne se wiis dat se wer los kinne. Beide lokaasjes fernimme dat in soad Hollanners graach yn Fryslân mei fakânsje wolle. En sjogge dêrom bot út nei de folgjende ferromming fan de maatregels.