Tal fan reaksjes op it ferstjerren fan Andries Ekhart

22 maaie 2020 - 17:31

Op ferskate wizen reagearje minsken en organisaasjes op it ferstjerren fan PvdA-fraksjefoarsitter en âld-wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert. PvdA Ljouwert is rekke, skriuwt de partij op de webside. Syn humor sil mist wurde. "We zullen nooit weten welke grap Andries zelf zou hebben gemaakt over het feit dat hij ons heeft verlaten op Hemelvaartsdag."

Andries Ekhart - Foto: PvdA Leeuwarden

Lanlik partijfoarsitter Nelleke Vedelaar lit witte dat sy bot fertrietlik is. Se neamt him in PvdA'er mei hert en siel foar de minsken. Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok lit witte dat it ferstjerren fan Ekhart him rekket. Hy seit dat er goeie oantinkens oan him bewarret fan de tiid dat Ekhart wethâlder fan Snits wie. Brok wie dêr doe boargemaster.

Ald-wethâlder Thea Koster neamt him in fantastyske leave belutsen kollega mei in grut read sosjaal hert. CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen kin Ekhart ek út syn tiid as wethâlder yn Ljouwert. Hy neamt him in ôfgryslik ynnimmende en sosjaal dreaune man.

Ek út Cambuur wei wurdt reagearre op it ferstjerren fan Andries Ekhart. De klup neamt him in echte Cambuurman en winsket de neibesteanden sterkte. Neffens de sosjale poat fan Cambuur, Cambuur Verbindt, wie Ekhart altyd maatskiplik belutsen en aktyf foar de meiminske.

"Waarme kollega"

"Wy koene it eins net leauwe. Wy hawwe tongersdei noch kontakt mei him hân oer fan alles en noch wat, fia de mail en app. Dus dan is de earste reaksje: dit kin net," seit PvdA-wethâlder Sjoerd Feitsma.

Feitsma priizget Ekhart. "It wie echt in sosjaaldemokraat: yn Ljouwert, mar ek as persoan. As kollega wie it in noflike, sosjale en waarme kollega mei in soad relativearjende humor. Hy wie yn steat om flinke diskusjes efkes om te draaien, dat is ek wol in talint. Ik tink dat Andries ien fan de meast bekende gesichten is fan de PvdA yn Ljouwert en Fryslân. Hy hat ek echt syn bydrage levere oan de sosjale aspekten."

Wethâlder Sjoerd Feitsma

(advertinsje)
(advertinsje)