D66 Fryslân wol in stipeplan foar de kulturele sektor

22 maaie 2020 - 16:40

De provinsje moat de rezjy pakke om de kulturele sektor yn Fryslân te helpen yn de coronakrisis, dat fynt de fraksje fan D66 yn Provinsjale Steaten. Neffens de partij moat der in stipeplan komme, oars kostet de krisis in soad kulturele ûndernimmers en ynstellingen de kop.

Foto: Wikimedia Commons

Deputearre Steaten soene útsykje moatte wêr yn Fryslân krekt de knyppunten sitte. De provinsje soe mei gemeenten en de kultuersektor in 'gerichte' oanfraach foar ekstra jild dwaan moatte, fynt D66. Mar de provinsje moat sels ek ekstra ynvestearje, fynt de fraksje.

As in inisjatyf of selskip yn de kulturele sektor ferdwynt, is it faak ek foargoed ferlern, skriuwt de fraksje. Dat jildt bygelyks foar iepenloftspullen.

Trefwurden: 
kultuer D66 coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)