Ynbring fan troep falt ta by Fryske kringloopwinkels

In opfallend berjocht freedtemoarn yn ien fan de lanlike moarnskranten. 'Iedereen denkt alles maar bij ons te kunnen lozen' wie de útspraak fan in meiwurker fan in kringloopwinkel yn Amsterdam. No't in soad minsken thús sitte en dêr de boel opromje, krije kringloopwinkels in soad guod te ferdouwen. Mar somtiden is dat mear pún as brûkber spul.
Kringloop Grou © Kringloop Grou
In situaasje dêr't guon kringloopwinkels yn Fryslân oan it begjin fan de coronakrisis ek wol benaud foar wiene. "Us meiwurkers seine al, no dumpe al dy minsken dy't thús de boel himmelje fansels harren troep by ús," fertelt Renny Ausma fan de Kringloop Grou. "Aldergeloks liket it ta te fallen. Fan alles dat wy binnen krije, kinne wy tink ik de helte brûke. Dat is ûngefear deselde ferhâlding as foar de krisis. Mar nee, net mear troep as oars, wat dat oanbelanget bin ik wol grutsk op de minsken dy't spul by ús bringe."

"Opslach leit wol wat fol"

Foar Ausma is it dreech om yn te skatten oft der de ôfrûne wiken mear guod binnen brocht wurdt. "Gewoanwei koene minsken harren spul altyd by ús oanbiede. Tsjintwurdich hawwe wy dêr mar trije mominten yn 'e wike foar. Op dy mominten is it wol drokker, mar ik kin net sizze oft dat alles byinoar ek sa is. Wol leit de opslach wat foller, omdat wy minder minsken binnen hawwe kinne, ferkeapje wy ek minder. Dus bliuwt der mear lizzen."
De kringloopwinkel yn Grou is yntusken wer in pear wiken iepen, nei't de saak sân wiken ticht sitten hat yn ferbân mei de coronakrisis. It ynleverjen fan guod kin allinnich op moandei, woansdei en sneon. De winkel nimt foarearst gjin meubels mear oan.

"Spullen voor de deur"

Ek ôffalferwurker Omrin fernimt by har kringloopwinkels net dat der guod dumpt wurdt seit wurdfierder Jelmar Helmhout. "Toen onze winkels voor het eerst dicht gingen, was dat wel even zo. Mensen vonden toen de deur dicht op het moment dat ze spullen wilden brengen, en zetten het dan maar voor de deur neer. Maar inmiddels weet iedereen hoe het zit."
Allinnich op lokaasjes yn Harns en Easterwâlde kin minsken guod ynleverje by Omrin. "Dat heeft te maken met beschikbaarheid van vrijwilligers en personeel. Maar ook bij onze milieustraten zijn, mits het daar niet te druk is, inleverpunten voor tweedehands spullen."
Jelmar Helmhout fan Omrin en Renny Ausma fan de kringloop yn Grou