Strân fan Burgum sletten fanwegen skerpe foarwerpen yn it wetter

23 maaie 2020 - 09:00

It strân fan Burgum is kommend wykein sletten foar besikers. Tongersdei hawwe meardere bern ferwûningen oprûn troch skerpe foarwerpen yn it wetter.

Foto: De Vries Media

It gebiet is mei lint ôfsletten. Minsken wurdt fersocht om net nei it strân te kommen. Moandei set de gemeente útein mei ûndersyk. Wannear't it strân wer iepen kin, is noch net bekend.

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel wit noch net hoe't it krekt mei de bern is. "Ik haw noch net persoanlik mei se sprutsen, want ik haw de nammen noch net. Mar ik haw wol kontakt hân mei de foarsitter fan doarpsbelangen, en it liket derop dat wy sa wol kontakt krije kinne. Wat ik heard haw, is dat it oan de fuotten west hat."

Undersyk

"Wy binne der wol bot fan skrokken," seit de boargemaster. "It strantsje leit der no goed twa wiken. It is der op fersyk fan doarpsbelang kaam en je wolle dat bern dêr gewoan maklik boartsje kinne. Wy hâlde by elts strantsje yn de gemeente tafersjoch, wy hâlde it ek skjin. As dan soks bart is it iennige dat je dwaan kinne: in lint der omhinne en gau ûndersyk dwaan. It is spitich dat it efkes ticht moat, mar it moat goed en wy wolle net dat minsken ferwûne reitsje. Moandei sille wy goed ûndersyk dwaan."

Gebben hopet wol dat it strân gau wer iepen kin. "Ik haw sicht op it strantsje en ik sjoch hoefolle ferdivedaasje en wille der is, dus ik wol it gau gau as mooglik wer iepen."

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel

Trefwurden: 
Burgum strân ferwûnings
(advertinsje)
(advertinsje)