Plysje dielt boeten út foar hurdfarre op ferskate plakken

De ynspeksje fan provinsjale wettersteat hat freed by De Lemmer in jetsky fan it wetter stjoerd, omdat dy te hurd fear. Yn Fryslân mei allinne yn it hurdfargebiet op de Hegemer Mar hurdfearn wurde mei jetskys of wetterscooters.
© Shutterstock.com (meunierd)
Op Himelfeartsdei dielde de wetterplysje op ferskate plakken op it wetter yn Fryslân boeten út oan jongelju dy't te hurd fearen. Dat wie ûnder oare op de Tearnserwielen en de Grutte Wielen by Ljouwert. Dêr wie it neffens de plysje hiel drok.