Freedsmerk: "It wie drok, mar wie it ek ûnfeilich?"

"It wie drok, mar wie it ek ûnfeilich?" Dy fraach waard freed lûdop steld op de Ljouwerter freedsmerk. Ut ûndersyk soe bliken dwaan dat je bûtendoar kwealik gefaar rinne om besmet te reitsjen. Dat wie reden foar optimisme: "Ik hoopje dat it ûndersyk kloppet en dat it bûtendoar dus wat tafalt, dan krije wy ús frijheid wer wat werom. Ien merkkeapman seach fuort kommersjele kânsen: slút de winkeldoarren mar en kom allegear mar feilich nei de merk.
© Omrop Fryslân, René Koster
In soad minsken fertelden dat se tongersdei mei Himelfeart wol efkes op stap west hawwe. "We wiene juster op de brommer nei Lauwerseach. We binne ús dêr lam skrokken, se sieten dêr allegear 'hutje-mutje'. Ek de drokte yn de Prinsetún koe echt net. Se sieten boppe-op inoar en dat wiene echt net allegear húsgenoaten."
In âldere man warskôge dêrom: "Se moatte better de regels opfolgje, want se bringe my as 70'er wol yn gefaar".
Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk