Reaksjes op ferstjerren Ekhart: "Hy seach altyd de posysje fan de lytse man"

De Ljouwerter PvdA-fraksjefoarsitter Andries Ekhart (1954-2020) is tongersdei op 66-jierrige leeftiid ferstoarn, dat waard freed bekend. Boargemaster Sybrand Buma fertelt dat it as in grutte skok kaam dat Ekhart sa hommels ferstoarn is. Ald-wethâlder Henk Deinum seit dat it in grut ferlies is foar de stêd en foar de polityk.
Andries Ekhart © PvdA Leeuwarden
"Net ien hie dit ferwachte," seit Henk Deinum dy't yn it ferline lang as PvdA-wethâlder njonken Ekhart wurke. "In soad minsken hawwe dizze wike noch mei him sprutsen. In grut ferlies foar de stêd, foar de PvdA en de polityk. Ekhart leaude yn it sosjaaldemokratyske ideaal. Hy wie benammen in jonge út Ljouwert, hy kaam út in arbeidersfermidden. Hy is altyd deselde bleaun. Hy ferleagene net ien en it wie in humoristyske man. Je koene sa goed mei him laitsje. En it wie in ferbiner."
Neffens Deinum sil Ekhart mist wurde yn de polityk. "Hy hie net in grut ego en koe himsels weisiferje. Dat sjogge je ek wolris oars. Hy rûn al lang mei en koe alle ins and outs fan de lokale polityk. Ek op lanlik mêd spile hy in rol, hie wie lid fan ferskate advysorganen."

"Hy seach de posysje fan de lytse man"

Ek persoanlik sil Deinum him misse. "Wy wiene maten, soene je sizze kinne. Yn it kolleezje wie er ek altyd konstruktyf, der waard wol fûl debattearre en striden, mar Andries bleau reedlik en hie altyd in grapke as relativearring. Hy seach altyd de posysje fan de lytse man. Fanút syn hert hie er dêr gefoel foar. Andries wie in beskieden man, mar eltsenien mocht him. De politikus en Andries Ekhart, dat wie ien en deselde persoan."
Ald-wethâlder Henk Deinum
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat eins mar koart mei Ekhart wurke, mar hy jout wol oan dat Ekhart in bysûndere rol yn de gemeente hie. "Ik heb hem vanaf mijn begin hier meegemaakt omdat hij in de vertrouwenscommissie zat waarmee ik de eerste gesprekken had en daarna speelde hij een grote rol in de gemeenteraad. Het was een zeer sociale man, geliefd bij alle fracties in de raad en in de gemeente. En iemand met een groot hart voor Cambuur, een echte Liwwadder."
Dêrom kaam it nijs ek hurd oan. "Het is een hele grote schok voor iedereen in de gemeente. Ik wil mijn medeleven betuigen aan zijn vrouw en kinderen. Het is heel plotseling, een hele grote schok voor iedereen."

"Iemand die het verschil maakte"

Ek neffens Buma koe Ekhart goed minsken ferbine. "Ik heb hem vooral als raadslid meegemaakt. Maar op het moment dat het nodig was, nam hij weer de verantwoordelijkheid om fractievoorzitter te worden. Altijd als er een klus was voor de gemeenschap, dan stond Andries klaar. Hij was een verbinder. Hij zocht altijd een oplossing, vanuit een sociaal hart. Hij dacht na over de gevolgen van beslissingen voor de mensen. Iemand die verschil maakte in de raad en in de gemeente."
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert