Charterfeart wachtet op needfûns en protokollen: "Us aginda is leech"

22 maaie 2020 - 12:50

De havens oan de Iselmar en de Waadsee lizze fol mei histoaryske skippen. Dat sjocht der moai út, mar in goed teken is it net. De charterfeart leit stil wylst der eins syld wurde moat. Troch de coronamaatregels kin dat net en mei de stipe fan it Ryk oerlibje de skippers it net. Der moat in needfûns komme om de float mei histoaryske sylskippen te rêden, fine de skippers.

In petysje fan komitee Red de Hollandsche Zeilvloot is al mear as 3500 kear ûndertekene. It komitee wol in needfûns, om te foarkommen dat de ûndernimmers fan it farrend erfgoed fallyt geane.

Skipper Eelke Dijkstra kin syn klipper Elbrich op dit stuit net ynsette. "Oars wiene wy mei gasten oan it silen de Waadsee op. Sa'n Himelfeartswykein is oars in toptiid, lykas de pinksterdagen. Mar it kin net yn de grutte groepen dy't wy oars dogge."

Protokol nedich

Dijkstra seit dat der in soad ûndúdlikens is ûnder de skippers. "Eltsenien ynterpretearret it wer oars, ek wat mûlkapkes oanbelanget. Us belangeferiening BBZ hat protokollen makke en ynlevere, en dêr moat in stimpel op, sa't wy wer wat kinne. Dêr binne sy drok mei dwaande. Wy wolle echt in grien ljocht krije fan de Veiligheidsregio."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mar mei sa'n stimpel is it probleem net fuortendaalks oplost, leit Dijkstra út. "Us groepen komme foar in grut part ek út Dútslân wei, dy groepen hawwe al annulearre. Sy sizze: der sit tefolle risiko oan foar ús. It binne bedriuwen of skoallen. Sy organisearje gjin reiskes dit jier, dus ús aginda is hast hielendal leech."

Dat smyt grutte finansjele problemen op. "It is in gigantysk gat yn de begrutting. As je dan sicht hawwe op takom jier, dan kinne je noch wat. Want no soene de boekingen komme foar it folgjende jier. Mar dat seizoen wurdt fansels ek noch tige min. It hat grutte gefolgen."

Skipper Eelke Dijkstra

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)