Ljouwerter PvdA-fraksjefoarsitter Andries Ekhart (1954-2020) ferstoarn

Andries Ekhart (1954-2020), fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert, is op Himelfeartsdei hommels ferstoarn. Ekhart stie bekend as markante Ljouwerter. Hy wie in PvdA'er yn ieren en sinen. Ekhart is 66 jier âld wurden.
Andries Ekhart
Ekhart waard berne op 21 febrewaris 1954 yn Ljouwert. Hy troude yn 1976 en hat twa bern krigen mei syn frou.

In echte PvdA'er

Tusken 1998 en 2002 siet Ekhart yn de gemeenteried fan Snits en tusken 2002 en 2010 siet hy yn it kolleezje. Ekhart hat úteinlik wurke as wethâlder fan Snits, Súdwest-Fryslân en Ljouwert. Hy hat yn totaal 16 jier wethâlder west. Dêrfoar wurke hy as dosint en konrektor op RSG Magister Alvinus yn Snits. Ek hie hy noch oare funksjes, lykas foarsitter by Empatec en bestjoerslid fan de Vereniging van Friese Gemeenten.
Hy waard yn 1995 lid fan de PvdA. Dy partij paste neffens Ekhart tige goed by him. "De PvdA zit in mijn bloed. Ik heb nog nooit op een andere partij gestemd", skreau er oer himsels op de fraksjewebside. Ekhart fûn ek dat men de polityk benammen bûten it stedhûs bedriuwe moast en dat net je postkoade, mar je talint je takomst bepale moat.
Andries Ekhart © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Man fan it folk

Sûnt july 2011 wie hy wethâlder fan Ljouwert. By syn ôfskied as wethâlder fan Ljouwert yn febrewaris 2018 waard Ekhart noch priizge troch in soad minsken as in man fan en foar it folk, in echte reade en in grut Cambuursupporter. Kollega-wethâlder Henk Deinum naam doedestiids Ekhart syn humor, ynset foar de minsken en it gebrek oan ego. Ald-boargemaster Hayo Apotheker seach Ekhart benammen as "in jonge mei in goeie oplieding en in brede blik, mar ek ien dy't noait ferjit dat er út in folksbuert ôfkomstich is."
Ekhart kaam yn de gemeenteried terjochte. Yn april 2020 folge Ekhart Lutz Jacobi op as fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert. In wichtige funskje, om't de partij de grutste partij yn de ried en koälysje is. Hy wie doe al vice-foarsitter fan de fraksje, en siet yn de gemeenteried.