Dizze wike gjin minsken mei corona opnommen yn de Fryske sikehuzen

22 maaie 2020 - 12:02

Der binne dizze wike gjin minsken mei corona opnommen yn de Fryske sikehuzen. Dat hat GGD Fryslân niiskrekt nei bûten brocht yn syn wyklikse update. Der binne dizze wike yn Fryslân fjirtjin minsken posityf test op it coronafirus; lykas ferline wike is der ek ien persoan yn ús provinsje ferstoarn.

Teste op it coronafirus yn de tinte by Izore - Foto: Omrop Fryslân

Ferline wike wiene der 39 positive testen. Dêrfan kamen der 22 út it asylsikerssintrum yn Snits, dêr't twa wiken lyn in útbraak wie.

Folle minder tests

It tal ôfnommen tests lei dizze wike mei 716 folle leger as de 1209 fan ferline wike. Dat komt benammen omdat der doe grutskalich test is yn it Snitser azc.

Yn totaal binne no 65 minsken yn Fryslân ferstoarn oan it coronafirus. Der binne 585 ynwenners posityf test.

Margreet de Graaf fan de GGD

(advertinsje)
(advertinsje)