Ek it CDA mingt him yn 'e diskusje oer ferfier waadeilannen
De berikberheid fan de waadeilannen moat ek yn dizze tiid goed regele wurde. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. De fraksje reagearret op it skeel tusken Rederij Doeksen en de ûndernimmers op Flylân en Skylge.
De ûndernimmers binne lilk op Doeksen, omdat dy te min kapasiteit ynset om passazjiers te ferfieren. Doeksen seit dat it net oars kin, fanwegen de coronamaatregels. It CDA wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat dy docht om de situaasje te ferbetterjen.
De partij wol ek witte wat de oerheid docht om de berikberheid fan de waadeilannen te ferbetterjen.