Fideodeiboek fan studint: "Ik hoop dat we in september weer van start kunnen gaan"
Studint Anna Rixt Sijens fertelt yn har vlog dat har skoalle, it NHL Stenden yn Ljouwert, stadichoan wer iepen giet. Mar de ferwachting is dat se pas yn septimber wer nei skoalle kin.
Anna Rixt Sijens
Mear vlogs fan Anna Rixt Sijens en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Anna Rixt Sijens
Anna Rixt Sijens (18) út Aldeberkeap is studinte Creative Business oan NHL Stenden yn Ljouwert en wurket yn de Albert Heijn. Sy besiket no har punten fan skoalle te heljen, wat kreative projekten op te pakken en har beide broerkes te helpen mei harren skoalwurk. Anna Rixt vlogt oer ferskate dingen fan har libben as studint.