Kollum: "Macht"

22 maaie 2020 - 08:20

"Ynienen betocht ik my dat ik hielendal klear bin mei de corona. Ik woe der eins ek net mear oer skriuwe mar dat slagget net want ik ha it der alwer oer. It AHA- momint wie yn 'e supermerk dêr't elkenien spastysk om de oar hinne besocht te lavearjen. Mar it slagge net rjocht omdat it eins te drok wie en de gongpaden net breed genôch binne.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

En doe't ik ek noch achter sa'n wiif foar de kuolôfdieling wachtsje moast omdat se net wist hokker fla se keapje soe, hie ik it smoar yn. Want achter en neist my stiene ek lju te wachtsjen omdat se der net goed lâns koene en de measten seagen like soer.

Ik wit wol dat it stom is. As de ellinde net grutter wurdt as wachtsje yn 'e supermerk, wylst it mei de sûnens goed giet, dan bist bêst wol in oansteller. Mar foar myn geastlike sûnens wie it de drip en it kaam net allinnich troch it feit dat ik wachtsje moast.

It wie de kombinaasje fan faktoaren dêr't ik in knoei fan krigen ha en dan benammen fan de negative enerzjy fan al dy oardel meter aura's en fjoersjittende eagen ast dêr by yn 'e buert kaamst. Lokkich wiene der ek lju dy't normaal diene en ôfstân besochten te hâlden mei in glimke en freonlike eagen mar ik tink dat myn eagen yntusken wol op swier waar stiene en ik wie dan ek bliid doe't ik wer yn 'e auto siet.

In oare reden dat ik myn nocht ha, is omdat ik wolris it idee krij dat der lju binne dy't alle maatregels yn sette as in foarm machtsmisbrûk. En dêr sit ik benammen oer yn as it giet om de kwetsbere minsken yn ús maatskippij. It is bekend dat der ferhalen binne oangeande húslik geweld, mar hoe giet it bygelyks yn al dy fersoargingstehûzen dy't op't slot sieten, mar lokkich no dochs wer besite talitte?

Ik ha fernommen dat it hast ûnmooglik wie om fatsoenlik in ôfspraak meitsje te kinnen om in âlde heit in kertierke te sjen, mei in stik glês dertusken. De persoan dêr't ik mei praten ha, hie earder it gefoel dat se op besite gong by in krimineel yn 'e finzenis, yn stee fan nei it fersoargingstehûs. Der is ek hast gjin sicht op wat der achter al dy sletten doarren bart, hielendal as immen sels ek net mear belje kin.

De measte fersoargers binne grif hiel leaf, mar ik ha ek al útspraken heard dat it wol dúdlik wurdt wa't yn 'e soarch wurket omdat it hert it ynjout of omdat it gewoan in manier is om jild te fertsjinjen. In protte minsken hawwe noed oer de âlden, pakes en beppes of oare famyljeleden en wylst der oars regelmjittich ien kaam, hiene se nei dy lockdown ynienen neat mear te sizzen.

Achter alle maatregels hawwe grif de bêste bedoelingen sitten en dochs fielt it foar in hiele soad neffens my sa stadichoan ek as in foarm fan machtsmisbrûk. Bist fan de iene op de oare dei folslein machteleas as it giet om dyn neiste famylje, mar ek as it giet om dyn bedriuw dat fan de iene op de oare dei ticht moast.

De tiid sil it leare want nimmen wit hoe't it komt, dochs hoopje ik fan herte dat elkenien aanst al wer oer syn eigen lot beslisse kin. Mar salang't it net sa is, moatst net skoften treuzelje foar de fla mei dyn oardel meter aura wylst it sa drok is en alles fêstrint. Soks fyn ik ek in foarm fan machtsmisbrûk en dy flauwekul kinne we der no echt net by brûke."

(advertinsje)
(advertinsje)