Legacy-organisaasje kulturele haadstêd wurdt wer in stichting

22 maaie 2020 - 07:58

De organisaasje fan de legacy fan kulturele haadstêd wurdt dizze moanne wer in stichting. Oardel jier lang foel de organisaasje ûnder de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert en dat ferrûn allegearre lestich. It gie sa stroef dat sels algemien direkteur Lieuwe Krol opstapte. Ek artistyk lieder Sjoerd Bootsma drige mei opstappen, as der foar de simmer net mear dúdlikheid komme soe oer harren selsstannichheid.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fan it momint dat kertiermakkers Sjoerd Bootsma en Lieuwe Krol oan de slach gien binne mei it ferfolch op kulturele haadstêd, pleitsje se derfoar om dat te dwaan as ûnôfhinklike stichting. Lykas de oarspronklike kulturele haadstêdorganisaasje. "Het klopt gewoon niet als je onder een overheid hangt. In een stichting kom je geloofwaardiger over naar het culturele veld", fertelt artistyk lieder Sjoerd Bootsma. "Bovendien kun je geen subsidie aanvragen bij landelijke fondsen als je onder een regionale overheid valt."

"Niet altijd gemakkelijk"

Oardel jier lang hawwe se wurke ûnder de provinsje en gemeente. "Het was niet het allermakkelijkst, maar we hebben naar eer en geweten zo goed mogelijk proberen te werken." Hy is bliid dat se sa wer in stichting binne. "We kunnen sneller en makkelijker werken nu, maar tegelijkertijd blijven we samenwerken met de overheden, want zulke grote projecten doe je niet alleen."

Sjoerd Bootsma fan LF2028

(advertinsje)
(advertinsje)