Coronanijs 22 maaie: Gjin coronapasjinten opnommen dizze wike; ien deade

22 maaie 2020 - 22:30

Yn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:

  • It wie drok mei Himelfeartsdei, mar net gefaarlik drok neffens de Veiligheidsregio Fryslân;
  • Syb van der Ploeg en Henk Angenent fytsten by alve ferpleechhuzen del;
  • Der binne 65 minsken yn Fryslân stoarn, it tal besmettings stiet op 585.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:00
Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 22 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:

19:21
Fideodeiboek oer refalidaasje: "Mensen zijn conditioneel heel erg achteruit gegaan"

Yn har vlog fertelt Karen Langereis dat de refalidaasje fan in âld-coronapasjint in soad yndruk op har makket. Net allinnich it emosjonele ferhaal dat minsken mei harren meibringe mar ek de efterútgong yn de kondysje.

18:12
Muzyk meitsje yn coronatiid

No't de repetysjes en konserten fan alle muzykferienings net trochgean en de muzyk stilleit, wurdt der op nije wize muzyk makke. In protte korpsen sykje nei kreative wizen om dochs noch mei-inoar muzyk te meitsjen.

In populêre wize fan muzyk meitsjen yn dizze tiid binne de saneamde 'split-screen'-fideo's. Yn dy fimkes nimt elke muzikant itselde muzykstik op mei de telefoan en dy wurde dan ûnder mekoar plakt. De muzikanten hawwe sa dochs in bytsje it idee dat se mei-inoar spylje.

17:44
Groepsakkommodaasjes sette doarren wer iepen

Groepsakkomodaasjes sette dit wykein stadichoan de doarren wer iepen. Nei de lêste parsekonferinsje kinne rekreaasje-organisaasjes wer groepen fan 30 minsken ûntfange. Mar troch de 1,5 meter-mienskip wurde romten dêr't oars 100 gasten ferbliuwe, no mar troch 15 man beset.

Fan maart oant en mei oktober is it meastal smoardrok by sylskoalle Pean yn Nes, by Akkrum. Wêr gewoanwei plak is foar 150 minsken, kinne der troch de 1,5 meter-mienskip mar in hânfol minsken komme. "Op dit stuit hawwe we trije húshâldingen dy't hjir ferbliuwe, dy sitte yn de grutte ytseal allegear los fan inoar oan in grutte tafel", fertelt koördinator Rienk de Jonge fan Pean.

17:26
De Lawei op 2 juny wer iepen

Skouboarch De Lawei yn Drachten iepenet op 2 juny wer de doarren. Yn ien seal, de Rutger Hauer-filmseal, wurde fan tiisdei oant en mei sneon trije films fertoand en op snein twa.

Alle sealen fan De Lawei binne sûnt 13 maart sletten fanwegen de coronamaatregels. Fan juny ôf meie poadia wer maksimaal 30 besikers de foarstelling ûntfange. De hoareka yn de skouboarch sil beheind iepen wêze. Reservearje dêrfoar is ferplicht.

Besikers meie maksimaal 15 minuten fan tefoaren oanwêzich wêze en by de doar sil mei harren in kontrôlepetear fierd wurde. Besikers krije in fêst plak tawiisd. De garderôbe is ticht en ûnder de foarstelling kinne minsken net nei it húske ta, mar dêrfoar wol. Kaarten kinne by foarkar online en oars telefoanysk kocht wurde. Yn De Lawei sels is der in rinrûte makke.

16:54
Stipeplan foar kultuersektor

De provinsje moat de rezjy pakke om de kulturele sektor yn Fryslân te helpen yn de coronakrisis, dat fynt de fraksje fan D66 yn Provinsjale Steaten. Neffens de partij moat der in stipeplan komme, oars kostet de krisis in soad kulturele ûndernimmers en ynstellingen de kop.

Deputearre Steaten soene útsykje moatte wêr yn Fryslân krekt de knipepunten sitte. De provinsje soe mei gemeenten en de kultuersektor in 'gerichte' oanfraach foar ekstra jild dwaan moatte, fynt D66. Mar de provinsje moat sels ek ekstra ynvestearje, fynt de fraksje.

As in inisjatyf of selskip yn de kulturele sektor ferdwynt, is it faak ek foargoed ferlern, skriuwt de fraksje. Dat jildt bygelyks foar iepenloftspullen.

16:51
Minsken dumpe guod by kringloopwinkels

In opfallend berjocht freedtemoarn yn ien fan de lanlike moarnskranten. 'Iedereen denkt alles maar bij ons te kunnen lozen' wie de útspraak fan in meiwurker fan in kringloopwinkel yn Amsterdam. No't in soad minsken thús sitte en dêr de boel opromje, krije kringloopwinkels in soad guod te ferdouwen. Mar somtiden is dat mear pún as brûkber spul.

In situaasje dêr't guon kringloopwinkels yn Fryslân oan it begjin fan de coronakrisis ek wol benaud foar wiene. "Us meiwurkers seine al, no dumpe al dy minsken dy't thús de boel himmelje fansels harren troep by ús," fertelt Renny Ausma fan de Kringloop Grou. "Aldergeloks liket it ta te fallen."

16:39
Tal stjergefallen ferline wike leechste ea

Der binne ferline wike 88 minsken ferstoarn yn Fryslân. Dat is it leechste oantal stjergefallen yn ien wike fan hiel 2020. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). It CBS giet derfan út dat dêr noch guon by komme en dat it folsleine sifer útkomt op 104.

Oant no ta wie de wike fan 17 febrewaris dy mei de minste stjergefallen, doe wiene der 108. It hichtepunt oan stjergefallen wie yn de wike fan 6 april. Doe telde it CBS yn Fryslân 161 stjergefallen.

Lanlik sjoen lei it stjertesifer ferline wike foar it earst yn moannen ek leger as normaal. Neffens de ûndersikers is it gebrûklik dat in pyk yn it tal stjergefallen folge wurdt troch in dal. Dat wie ek sa nei de grypepidemy fan twa jier lyn.

15:58
Ferskate bloedpriplokaasjes wer iepen

Fan moandei ôf iepenje ferskate bloedpriplokaasjes fan HAL Fryslân (fazearre) wer har doarren. Pasjinten kinne wer bloedprippe yn it Crystallic yn Ljouwert, Kleyenburg yn Frjentsjer, Sûnenssintrum Voorz.Org yn Kollum en MFC De Skâns op De Gordyk.

De eksakte startdata en iepeningstiden stean op de webside fan Hal Fryslân. De kommende wiken folgje der mear lokaasjes yn Fryslân.

Pasjinten mei corona-relatearre klachten, lykas hoastje, prûste, koarts en/of benaudens, wurdt frege net del te kommen. Of as sy de ôfrûne twa wiken mei in coronapasjint yn oanrekking west ha. Ek wurdt pasjinten frege om, as it kin, allinnich te kommen.

15:48
Planetarium moandei wer iepen

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer iepenet op Pinkstermoandei om 12.00 oere de doarren wer foar publyk. It is sûnt de iepening yn 1781 amper foarkaam dat minsken net delkomme koene yn it Planetarium.

Fanwegen de coronamaatregels moatte besikers har no yn it foar melde. Der kin mar in beheind tal minsken tagelyk te plak. Der jildt ek in fêste rûte troch de eksposysje. Der wurdt noch wol hieltyd útlis jûn yn de Plantetariumkeamer.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)