Untfangstkomitee by de Bonkefeart foar Syb en Henk

22 maaie 2020 - 06:20

In ûntfangstkomitee fan sa'n tritich man stie sjonger Syb van der Ploeg en reedrider Henk Angenent tongersdeitejûn op te wachtsjen by de Bonkefeart by Ljouwert. Ald-foarsitter Henk Kroes fan De Friesche Elf Steden sette it lêste stimpel. De manlju hiene by alve stêden del fytst en Syb hie alve kear by in ferpleechhûs optreden.

Deputearre Avine Fokkens dy't tongersdeitemoarn ek by de start wie, stie ek by de finishgroep, likegoed as muzikanten Wiebe Kaspers en Piter Wilkens, dy't Van der Ploeg en Angenent tasongen by it keunstwurk fan it Alvestêdekrúske.

Van der Ploeg en winner fan de lêste Alvestêdetocht yn 1997 Henk Angenent, wiene de moarns fan Himelfeartsdei om sân oere ôfset út Ljouwert by de Swettehaven. Se wiene wat letter as pland werom fan harren fytstocht by de Fryske alve stêden del. Om sawat healwei tsienen kamen de manlju oanfytsen.

Henk Kroes: "In topprestaasje"

Underweis joech Syb van der Ploeg by alve ferpleechhuzen in optreden fan sawat in heal oere om de bewenners te stypjen. De optredens waarden goed wurdearre, neffens de manlju. Henk Kroes fûn it in topprestaasje fan Syb van der Ploeg, dy kombinaasje fan de Alvestêdetocht fytse en alve optredens jaan.

Syb mist it optreden

Syb sei in yn reaksje tsjin Omrop Fryslân dat er it optreden tige mist. Troch de coronakrisis kin er net mear fuort te spyljen. Foar Henk Angenent wie it in Alvestêdetocht dy't er net gau ferjitte sil.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Harkje nei de reportaazje op de finish fan ferslachjouwer Onno Falkena

(advertinsje)
(advertinsje)