Sportstêd: Wy witte fan neat oer legere hier SC Hearrenfean

21 maaie 2020 - 21:36

Sportstêd Hearrenfean hat gjin oanfraach krigen foar it ferleegjen fan de hier of útstel fan Sportklup Hearrenfean. Dat seit Sportstêd Hearrenfean-direkteur Rinse Bleeker. Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond seit yn de Ljouwerter Krante dat se troch de coronakrisis al útstel oanfrege hawwe.

Foto: Google Street View

Sportklup Hearrenfean betellet yn it jier 2,3 miljoen euro oan hier oan Sportstêd Hearrenfean. Ferline jier is de hier mei in miljoen ferlege. Fanwege de coronakrisis wol Roozemond in legere hier oanfreegje. Bleeker: "Wy witte fan neat, mar dat sil dan miskien noch komme. Ik bin wol ferbaasd, mar ik praat moarn wer mei Roozemond."

(advertinsje)
(advertinsje)