Sieta van Keimpema wol gau om tafel mei bestjoer FDF

De ferline jier oprjochte suksesfolle boere-aksjegroep Farmers Defence Force hat it op it stuit net maklik. Ut ûnfrede oer it optreden fan foaroanman Mark van den Oever soene in pear bestjoersleden opstapt wêze. Bestjoerslid en wurdfierder Sieta van Keimpema fan it FDF út Nes is yn alle gefallen net opstapt.
Sieta van Keimpema © Omrop Fryslân, René Koster
Sieta van Keimpema hâldt it op 'bernesyktes en kommunikaasjesteurings', dy't ûntstien binne omdat it selskip sûnt it begjin fan de coronakrisis net mear gewoan mei-inoar fergaderje koe. Yn de ferskate whatssapp-groepen en op sosjale media soene misferstannen ûntstien wêze, dy't noait útpraat binne.

"Jo sitte dêr foar it boerebelang, net foar josels"

Van Keimpema wol dêrom no wer sa gau mooglik fysyk fergaderje mei alle belutsenen, sadat FDF en ek it lânboukollektyf fan trettjin boere-organisaasjes wer fierder kinne. "Oeral is wolris wat. Dan skodzje jo de kop en dan gean jo wer fierder. Jo sitte der foar it boerebelang en net foar jesels. Dat moat elts him realisearje."
Ynhâldlik wol eltsenien itselde. Wy binne goed dwaande mei it stikstofdossier en oare saken.
Sieta van Keimpema
Eins is der hielendal net safolle te rêden by it FDF, seit Van Keimpema op har eigen boerehiem tusken Nes en Grou. "Ynhâldlik wol eltsenien itselde en we binne ek goed dwaande mei it stikstofdossier en oare saken."

Under fergrutglês

Mar it FDF leit neffens Van Keimpema ûnder in fergrutglês by krityske media, dy't eltse argewaasje tusken bestjoersleden útfergrutsje. "Moatst dy ek realisearje dat it om in hiel jonge organisaasje giet en ek om minsken sûnder in soad bestjoerlike ûnderfining. It ôfrûne jier sieten we mei kop en earen yn de boere-aksjes. Doe't it wat rêstiger waard, kaam de coronakrisis en koene we net mear gewoan fergaderje."
Van Keimpema hâldt it der op dat guon bestjoersleden 'harsels tsjinkaam' binne, fanwege it grutte beslach dat it frijwillige wurk foar Farmers Defence Force op harren tiid lei. "Dat it thúsfront dan begjint te protteljen nei ferrin fan tiid, begryp ik wol."

Bestjoer wol takom wike wer echt gearkomme

It bestjoer fan Farmers Defence Force besiket nije wike wer sa gau mooglik fysyk byinoar te kommen, mei foldwaande tuskenromte. Van Keimpema giet der fanút dat der nei dy gearkomste wer in folweardich bestjoer sit, mar kin net útslute dat der ek in bestjoerslid ferwynt. "Mar dat is dan in persoanlike ôfwaging, dy't elts foar himsels meitsje moat."

"Belangebehertiging is wichtich"

Mei de coronakrisis is de needsaak foar in goede belangebehertiging foar de boeren allinnich mar grutter wurden, seit Van Keimpema, want de molkpriis stiet ûnder druk en ek de eksport fan fee leit stil. It is dêrom wichtich dat der in 'ridlike oplossing' fûn wurdt foar it stikstofprobleem. Om dat te berikken is it fan grut belang dat it mienskiplike lânboukollektyf fan trettjin organisaasjes bestean bliuwt.

"LTO moat nochris goed neitinke oer opstappen út Lânboukollektyf"

Koartlyn stapte boere-organisaasje LTO út it kollektyf. Van Keimpema is fan betinken dat der foar LTO in "opdracht leit om dêr nochris goed oer nei te tinken. It boerebelang moat foarop stean. Undersyk hat oantoand dat mear as 80 persint fan de boeren troch wol mei dat kollektyf, no dan moatte de organisaasjes dat ek dwaan."

Kritysk oer EU-doelstelling biologysk buorkjen

Der komme ek nije útdagings op de boeren ta, yn de foarm fan it nije 'Farm to fork' (Fan pleats nei foarke)-belied fan de Europeeske Kommisje. De Europeeske Uny wol dat oer in jiermannich ien op de fjouwer fan alle boeren biologysk iten produsearret.
Van Keimpema is kritysk oer dy doelstelling. "As de kommisje derfoar soarget dat 25% fan de boargers yn Europea biologysk yt, dan wolle de boeren wol omskeakelje. Mar biologysk produsearje betsjut wol dat je minder produsearje en dat it iten djoerder wurdt."
As de Europeeske Kommisje de boeren meikrije wol, moat der foar de boeren yn alle gefallen perspektyf wêze op in goede beleanning foar harren wurk. ornearret Van Keimpema.
Sieta van Keimpema oer de rebûlje by Farmers Defence Force